Sa’n útfergrutting fan in lege wrâld yn 'Tár' fertelt my dat ik it mei myn wifeljende balânsdagen ek wol wer goed ha | Column Jaap Krol

Op dit stuit draait Tár yn de bioskoop. De film giet oer de fiktive dirigint Lydia Tár (Cate Blanchett), dy’t har as in keninginne yn de heechste regionen fan de klassike muzykwrâld beweecht. Se liedt de Berliner Philharmoniker, jout les oan it prestizjeuze Juilliard-konservatoarium yn New York, komponearret filmmuzyk en skriuwt esotearysk oandwaande boeken. Har freondinne is de earste fioelist fan de Berliner en har persoanlike assistinte hopet ek troch te brekken as dirigint.

Jaap Krol.

Jaap Krol. Beeld: FD

Ik hie allegear muzyk ferwachte yn de bioskoop, mar dat foel dochs wat ôf. Lydia Tár, dy’t trouwens fan hús út gewoan ‘Linda’ hiet, lit it orkest de 5e fan Mahler ynspylje en dat giet mei opstarte, ophâlde, fierder gean en stopje om nije oanwizings te jaan. Dat is moai om te sjen, foaral om’t Blanchett spilet dat se dirigint is. Dat docht se sa goed – gjin akteursmanierke, mar selsbewust en mei in eigen styl – dat se wurklik de grutte dirigint Lydia Tár is.

Lonely at the top

Nieuws

menu