De Nederlânske produksjes 'Gooische vrouwen' en 'De stamhouder': megaflau en megamin | Kollum Jaap Krol

Sûnt in pear wike sit Jaap Krol op in kursus senarioskriuwen. Nei it sjen fan in pear Nederlânske produksjes jokje syn hannen.

Jaap Krol.

Jaap Krol. Beeld: FD

Sûnt in pear wike folgje ik in kursus senarioskriuwen. It betsjut dat ik seis kear op freed nei it Eye yn Amsterdam reizgje, om dêr it ien en oar te learen oer bygelyks de wetten fan it drama (= trageedzje en komeedzje), de ferhâlding tusken byld en tekst, it ferskil tusken sympaty en empaty of de wants fersus needs fan in personaazje. As ik klear bin mei de basiskursus moat ik beslisse oft ik de oplieding ta offisjeel senarioskriuwer folgje wol. Dêr is reden ta: troch de konkurrinsje fan streamingtsjinsten as Netflix en HBO Max der is in grut brek oan goeie senaristen.

Nieuws

menu