Sensitivity readers
As bern wie ik hielendal yn ’e besnijing fan De Kameleon. Myn jeugdidoal wie Gerben Zonderland, om’t ik ek altyd fan dy sterke ferhalen fertelle woe, yn de hoop op in golle laits fan benammen famkes.

Jaap Krol. Beeld: FD
Dêr kom ik op werom. Nei oanlieding fan de sensitivity readers dy’t it berne-oeuvre fan Roald Dahl hifkje moasten op te fersmiten taal en frjemde ideeën, krige ik de Kameleon -rige der ris by. Konklúzje: skriuwer Hotze de Roos wie de Roald Dahl fan de Lege Lannen.