Yn sa’n sitewaasje is it werombringen fan myn skeinde ego wichtiger as de ferkearsfeilichheid | Kollum Jaap Krol
Ofrûne moandei en tiisdei ried ik rûntsjes tusken Grins, Winsum, Drachten en Dokkum en ferdielde ik myn tiid tusken snelwei, miny-rotondes en romme parkearplakken. Leuk fansels: wat sinfol dwaan en dêrnei wer yn de auto stappe. It foarútsicht fan lekker allinnich chille achter it stjoer is oars net as fet-cool.

Jaap Krol. Beeld: FD
Dy nocht komt om’t ik foar in kwart eigner fan in auto bin en dus net faak achter it stjoer sit. Doe’t wy de auto kochten – in Toyota Yaris – ha ik wol neitocht hokker kwart mines wie. Earst tocht ik oan de motor, mar dan binne je altyd de pineut as de auto stikken is. Itselde jildt foar de bannen, dy’t ommers ien kear yn it jier wol ferwiksele wurde moatte. Ik ha dêrom besletten dat de achterbank fan my is. Je kinne der lekker op lizze en kwa ûnderhâld is der neat te rêden.