Allinnich troch de fingers strak op de noas te setten en dy posysje sa lang mooglik oan te hâlden ha ik de hel fan de karnemelkse pap oerlibbe | Kollum Jaap Krol
Tiisdei stie der yn Trouw dat noch net-berne bern net oer koal meie – te soer en te bitter yn de nâlestring, sis mar. Ik begryp dat wol. It foarútsicht op koal yn in kommend libben fol patat, pankoeken, sinees en swiet is net maklik. It is fansels gjin reden ta panyk, want smaak feroaret as in mins âlder wurdt.

Jaap Krol. Beeld: FD
Ik ha ek myn preferinsjes hân, yn dy sin dat ik as gefoelich, filosofysk, romtinkend, mysels fuortsiferjend en tolerant bern ek sinnich wêze koe. Sa wit ik noch goed dat in buorkjend omke fan my op in waarme simmerdei flak foar melkerstiid in flesse saneamde Rivella read iepene. Yn myn bernlike nijsgjirrigens rekkene ik op in fariant op de ûnberikbere kola, mei prik en bubbels, mar ik waard traktearre op in soart apelsop dat sjoen de weake smaak wol in jier oer datum wêze moast. Der waard sein dat der ek Rivella blau wie, wat by my de smaakassosjaasje oprôp fan beskimmele apels dy’t as sop minstens twa jier oer datum wiene.