Der hat in tiid west dat ik de koarste lekkerder fûn as de tsiis – hoewol’t dat yn it gefal fan Edammer tsiis ek net sa dreech is | Column Jaap Krol

Lytse bern hawwe de gewoante om alles wat se tsjinkomme yn de mûle te stekken en der lekker op te sobjen. No ferdwine dy meastal ûnbewuste hannelings mei de jierren, mar in pear gewoanten bliuwe noch lang aktyf yn it jonge libben. Alteast, by my – mar ik tink ek by jo.

Jaap Krol.

Jaap Krol. Beeld: FD

Sa siet ik bygelyks lang te sobjen oan de kapusjontoutsjes fan myn biogriene parkajas. Ik wit fansels net werom, mar fûn it wol lekker. It raffelige útein rûn hieltyd mear út op in punt, wat ek ferklearret dat it sobjen mar oan- en oanhold. It lekkere fan it katoen mingde him mei it stribjen nei oarder, wat oars neat as in ferslaving opsmiet. Soms kôge ik der hurd op, om’t it hieltyd lekkerder waard en sobjen net mear genôch wie. Ik wit yn elts gefal noch goed wat de priis fan dy ferslaving wie: as it frear sloegen de wiete toutsjes tsjin myn reade wangen, sa’t de hiele jas kâld oanfielde en ik – skoalfoarbyld fan in suertsje en as sadanich in skoalleplaat fan Koekkoek wurdich – nei hûs ta woe.

Edammer Aldi-tsizen