Sollisitaasjebrief | Kollum Jaap Krol

Ik wie dwaande mei in sollisitaasjebrief. No sollisitearje ik net faak, wat dus betsjut dat ik der net echt folle ûnderfining mei ha. It is ek ferrekte lestich om dysels te presintearjen, en dan wol sa, dat it net te opskepperich is en ek net te (falsk-)beskieden.

Jaap Krol.

Jaap Krol. Beeld: FD

Ik die yn dy sitewaasje dan ek wat ik altyd doch: de saak net serieus nimme en oergean ta alternativen. Myn krekt folle letter definityf brief begûn sa: ‘Jij zoekt iemand? Succes! Hoi, Jaap.’ Folgjende opset foar dy beslissende earste sin: ‘U bent op zoek naar een HELD. Zoek niet verder, u hebt hem gevonden!’ Myn freondinne begûn mei te lêzen en fuort de delete-knop te brûken, want sokke healwizichheid moat in grins ha.

Nieuws

menu