Steateferkiezings: hoe komt it mei it Frysk? Partijen dy’t der posityf útspringe binne de ChristenUnie en D66 | Opiny
Op 15 maart meie we nei de stimbus om ús fertsjintwurdigers yn Provinsjale Steaten te kiezen. De Ried fan de Fryske Beweging set him yn foar de Fryske taal en hat dêr de programs op besjoen fan de santjin partijen dy’t yn Fryslân meidogge.

Verkiezingsbord voor de Provinciale Staten en de Waterschapsverkiezingen van 2023 langs de Sannen bij Drogeham. Foto: Jilmer Postma
Sân partijen presintearje harren programs yn it Frysk en it Nederlânsk: CDA, FNP, CU, PVV, SP, PBF en BBB. GL folstiet mei in Fryske gearfetting, de oaren hawwe allinnich in Nederlânske fersy. De streektalen yn Fryslân krije omtinken by CDA, FNP, GL, D66 en PBF.