Warskôgjende politisy, wittenskippers en aktivisten kinne prate as Brugman, in bytsje krisis wurdt sa útlein dat nimmen in persoanlike skuld hoecht te dragen | Column Jaap Krol
Dikke truien, de kachel salang mooglik op stân ien, sa koart mooglik ûnder de dûs: ik ha de yntinsjes foar enerzjybesparring noch altyd en foech geregeld mei frisse tsjinsin de died by it wurd, mar allyk merk ik ek hoe’t de útfiering dochs reedlik gau oerslacht yn tefredenheid en selsfoldienens. Sa fan: ik ha dizze wike fiif kear koart dûst, no mei it wat langer.

Jaap Krol. Beeld: FD
Yn de rin fan foarich jier skreau ik oer de huverige tiden dy’t oer ús komme soene. Ik doel dêrmei op de enerzjykrisis en de grutte wierskynlikheid dat de rekkens foar in waarme kachel en stroom fanwege oarloch en wrâldwide fersmoarging aardich oprinne sille. Ik wapene my dus mei dikke truien, dikke sokken, in pear lapen stof foar de sigende doarren en in kachel dy’t salang mooglik op stân ien of twa stie. Ek gie ik ienris yn de twa dagen sa koart mooglik ûnder de dûs, om wetter en waarmte te besparjen.