Jaap Krol makket in reis troch Nederlân. Op syn hotelkeamer sjocht hy telefyzje: 'Wàt in geseur. Nederlân liket wol in teekrân'
Foar de goeie (= eigen) saak moast ik ferline wykein sawat it hiele lân troch. Ik bin nammentlik dwaande mei in planút spektakulêre rige oer it heitelânske strjittemeubilêr. Mei in foto en in kollum wol ik yn eltse provinsje ien bankje, ien fytserek, ien jiskebak en ien lantearnepeal portrettearje en sa in moaie kollaazje meitsje.

Jaap Krol. Beeld: FD
Om’t Nederlân sjoen it ferskaat oan strjittemeubilêr aardich grut is, ha ik fanwege de ôfstân it suden en easten yn ien ruk ôfhannele. Freeds ried ik dus nei Seelân en West-Brabân, sneon wie ik yn East-Brabân en Limboarch, snein yn de Achterhoeke. Lange autotochten foar in pear knipkes mei de fotokamera en wat notysjes, mear wie it net. Om jo in idee te jaan: foar in neatich jiskebakje teach ik nei Groede, in doarp yn westlik Siuwsk-Flaanderen. Dat is nei de Scheldetunnel by Terneuzen noch goed in healoere riden troch in flak lân – en wer werom.