Underhannelje is net echt myn kopke tee, beken ik jo. Ofsjoen fan it feit dat ik fanwege in brek oan ûnderfining hielendal net ûnderhannelje kin, wit ik ek neat fan finânsjes | Column Jaap Krol
Ik ha in nije baan en waard dus útnûge foar in saneamd arbeidsvoorwaardengesprek om it ien en oar fêst te lizzen. Soms hearre je wolris yn de media in sindiel as ‘We gaan nu kijken of we er financieel ook uit kunnen komen’ – no, sa’n petear hie ik dus.

Jaap Krol. Beeld: FD
Ik wurd trouwens wykstiper, in soart sekretaris fan ferskate buertferienings. Yn dy funksje jou ik as neutraal agindamakker en notulist struktuer oan allerhanne wykaktiviteiten.