'Het droogt sneller als je knijpers gebruikt' seit myn freondinne | Kollum Jaap Krol
Ik ha de gewoante de wask op te hingjen sûnder knipers te brûken. It liedt ta spannings mei myn freondinne dy’t wol mei knipers wurket en my dan oansprekt op myn gedrach. ‘Het droogt sneller als je knijpers gebruikt,’ seit se dan. Dochs is der gjin hier op myn holle dy’t deroer tinkt yn de takomst wol knipers te brûken. Ik brûk se al mear as tritich jier net en de wask wurdt altyd droech.

Jaap Krol. Beeld: FD
It komt allegear ek om’t ik it ophingjen fan de wask gewoanwei leuk fyn om te dwaan. De koer leegje en it rekje sa behingje mei blûskes, ûnderguod en handoeken dat alles past, dat is dochs in soarte fan puzel dy’t om in oplossing freget. De puzel is in stik minder leuk as ik tiid fergriem oan knipers. As de wask hiel grut is, hingje ik de sokken oer de spilen fan it bêd, sadat ik my waan yn de film The Socks – frij nei The Birds fan Alfred Hitchcock. Wannear’t der dan ek noch bêdeguod oar de kastdoarren hinget is it krekt as bin ik op de filmset. Brrr!