Koot en Bie wiene foar my in soart fan paadsljochters | Kollum Jaap Krol

Van Kooten en De Bie wie satire oer de wolfeart. Se wiene net sasear ‘krities’, mar koene mei harren typkes de geast fan dy wolfeart perfekt útljochtsje.

Jaap Krol.

Jaap Krol. Beeld: FD

Ien fan de earste lachkicks yn myn libben wie om Ab van der Laak, de soan fan Cor. Ab wie punk en droech in learen jas fol buttons. Hy leaude net yn de takomst en seach gjin perspektyf yn syn libben, dêrom skopte er yn de fierders kreaze Bloemenbuurt wolris tsjin in autobân of sprong er oer in stekje. Neffens heit Cor wie Ab ‘totaal verpunkt’ en dat wie de skuld fan de media – fan de VPRO, de IKON en de VARA. Krekt dat skopke tsjin de autobân makke my slop fan it laitsjen.