Yn de put | Kollum Jaap Krol

Minsken – lês: mannen – meie op lettere leeftiid graach opskeppe oer har jonge jierren fol ûndogende streken à la Pietje Bell. Nimme jo mar fan my oan dat sokke ferhalen foar 99 prosint oerdreaun binne of gewoan folslein net wier.

Jaap Krol.

Jaap Krol. Beeld: FD

Ik kom út de feilige nijbou, dêr’t je yn de regel net mei in heafoarke yn ’e hân achter inoar troch de tún draafden, lykas mannich jongeman út De Kameleon troch heit of boer achternei sitten waard. Ek stielen wy gjin apels of prommen út in oerhingjende tûke, want yn de nijbou hiene je gjin oerhingjende tûken – allinnich mar útrinnende buksushagen of in ferwaaide bjirk. Ik ha wolris oan in beltsje lutsen en in beurs oan in toutsje bûn, mar dat wie eins mear in besykjen om it in kear te dwaan en sa de spanning te ferkennen.

Nieuws

menu