Dit artikel is vandaag gratis

Adri de Boer wint LIET 2021, tekstpriis foar Sequens

Adri de Boer op archiefbeeld. Foto: Berend Drent Foto: Berend Drent

Adri de Boer hat woansdei it Frysktalige sjongfestival Liet wûn mei it nûmer ‘Bliuw mar by my’. Fan de sân finalisten krige hy de measte punten fan sjuery en publyk.

De Boer wûn yn 2001 ek alris. „It is no in hiel oar format as tweintich jier lyn. It wie moai om it sa te dwaan.” De faksjuery wie ûnder de yndruk fan De Boer syn rêst en kontrôle, al moast de sjonger sels tajaan dat it sa net fielde op it poadium. „Het liedje bestond uit slechts een paar akkoorden”, sei sjueryfoarsitter Nick Veenstra. „Maar weglaten is ook een kunst.”

De Boer is takom jier de Fryske ôffeardiging op Liet International, dat yn maaie 2022 holden wurdt yn Tønder (Denemarken).


De omslach

’k Moast djip mei mysels yn berie werom ik erchtinkend wie
begearich nei wielde mar freonskip fernielde
Myn ego wie te grut, dat besef kaam dreech
ik fage it smoargens fan myn tinken leech!


De rômte yn myn holle fielt better, folle better
de útslach fan de optelsom|
dy iene knop gie om, op it griene ljocht werom!

Myn doel set no útein,
fal ik tebek dan kliuw ik wer oerein

Ik helje de biezem troch myn libben
yn mearkes leau ik net mear
Dit is myn stribjen en mei yllúsjes bin ik klear
de omslach fielt sa goed
Ik bin ûteinlik mar in minsk fan fleis en bloed

It liket krekt as hat de heide mear kleur as foarhinne
de gloede fan it koarn kin my de asem benimme
Myn libbensles is harkje nei myn hert
it ynsjoch op syn bêst!

De eufory fiert heechtij yn my, yn my
de sirkel is rûn
’k Haw it sêfte moast wer fûn
ik stean wer op rotsfêste grûn

Der is wer helder sicht om myn spegelbyld te sjen|
tenei set ik it sânglês op ‘zen’

ik helje de biezem troch myn libben
en fei de moaiskyn op
Dit is myn stribjen alle opsmûk fuort

(tuskenstik )
Ik rispje wat ik siedzje sil
in lytse kar in grut ferskil...
in lytse kar in grut ferskil

(c) Sequens 2021

De omslach

De tekstpriis foar de bêste Frysktalige tekst gong nei Sequens mei ‘De omslach’. Sigrid Kingma fan de sjuery: „De winnende tekst stekt fier boppe de oaren út, kwa ynhâld en taalgebrûk.”

De finale fan Liet yn it Ljouwerter poppoadium Neushoorn wie foar de twadde kear op rige sûnder publyk. Ferline jier waard Liet earst fjouwer moannen útsteld, mar doe koe der noch hieltyd gjin publyk by wêze. Nei de nij oankundige maatregels fan ôfrûne freed hat de organisaasje besletten om it diskear trochgean te litten.

Njonken de sân finalisten wienen der optredens fan twa crossover-duo’s, dy’t har nagelnije komposysjes foar it earst útfierden: Ginge & Faske en Willie Darktrousers & Marije de Vries.

De folsleine útslach fan Liet 2021:

1. Adri de Boer 42 punten
2. Fokko Jan van der Ploeg 35
3. The Lone Wolf 26 & 2nd TRY 26
5. Volk!! 24
6. Rene de Jong, Lars Mulder en band 19
7. Sequens 18

Nieuws

Meest gelezen

menu