Dat wy tiden fan fleur hiene

Skriuwer Durk van der Ploeg sil op 6 septimber it njoggende krúske skriuwe. Hy hat mar ien advys foar begjinnende literatoaren: ,,Sykje kommentaar fan minsken dy’t doel oer literatuer hawwe. Dêr kinst wat fan opstekke.”

Skriuwer Durk van der Ploeg út Noardburgum.

Skriuwer Durk van der Ploeg út Noardburgum. Marcel van Kammen

Durk van der Ploeg wurdt moarn njoggentich jier. Hy is fan 1930. Hat de oarloch meimakke, de weropbou, de hippytiid, de alles-moat-oars-tiid, de fersaakliking, de digitalisearring. En koroa-na fansels. Wy fûstkje net. Ik freegje de man dy’t seis fan syn njoggen desennia Fryske gedichten, ferhalen en romans skreaun hat, oft er op ’e nij dat paad rinne wolle soe, mei de wittenskip fan no. Soe er wer foar it Frysk kieze? Foar de taal dy’t jo as sprektaal oanwaait, mar dêr’t je sa allemachtich mei wrakselje moatte foar’t je der yn skriuwe kinne sa goed as Durk van der Ploeg der yn skriuwt?

Nieuws

menu