De 13 fan Obbe Sjutsje: In tragyske famyljeskiednis yn ’e Sânfurdterryp, dy't ferteld wurde moast

Yn in achterôfhoeke oan de Aldegeaster Brekken, oan ’e ein fan de dearinnende dyk fan Blauhûs nei de Sânfurdterryp, fergetten fan ’e wrâld, wennen foar de oarloch de roomske boer Obbe Postma, syn frou Sjutsje en harren trettjin bern. Net faak sil ien húshâlding sá apart west hawwe. Fan njoggen fan de bern soe bliken dwaan dat se ‘net goed’ wienen. Goaitsen van der Vliet hat tegearre mei Mechtilde Postma jierrenlang dwaande west om in tragyske famyljeskiednis te rêden fan de ferjitnis.

In famyljefoto út 1926 fan ‘de trettjin fan Obbe Sjutsje’, by gelegenheid fan de sulveren brulloft fan de âlden. Achteroan: Jappy (19), Gatske (17), Yeb (21), Súske (14), Rudolf (15), Bertus (20), Harm (22) en Gryt (13). Foaroan: Tsjerkje (23), Obbe (52), lytse Obe (8), Bonne (11), Sjutsje (50), Sjoerd (24) en Dreke (12).

In famyljefoto út 1926 fan ‘de trettjin fan Obbe Sjutsje’, by gelegenheid fan de sulveren brulloft fan de âlden. Achteroan: Jappy (19), Gatske (17), Yeb (21), Súske (14), Rudolf (15), Bertus (20), Harm (22) en Gryt (13). Foaroan: Tsjerkje (23), Obbe (52), lytse Obe (8), Bonne (11), Sjutsje (50), Sjoerd (24) en Dreke (12). Foto uit besproken boek/Utjouwerij DeRyp

It is in ferhaal dat jin earst net rjocht oan wol. It ferhaal fan de bewenners fan de pleats De Tempel. Yn 1916 setten Obbe Postma út Kûbaard en Sjutsje Ydema út Greonterp dêr útein, nei’t se de earste fyftjin jier fan har trouwen yn Obbe syn berteplak buorke hienen. Fansels begûnen se yn ’e Sânfurdterryp yn ’e ferwachting fan in moaie takomst. Mar it kaam oars. Om 1950 hinne sieten seis fan de acht soannen yn in ynrjochting. Sjutsje sels en trije oare bern hienen ek geregeld it paad bjuster west. De oarsaak: erflike kwetsberens foar skizofreny.

Nieuws

menu