De wolf is dêr, oan beskermde status kin net folle feroare wurde | Opiny

De lêste wiken reint it plaatsjes fan deade en oanfretten skiep benammen yn it suden en easten fan ús provinsje. In aaklik byld en foar de skieppehâlders in minne dream dy’t hieltyd faker realiteit is. De oorsaak? In Europeesk slim beskerme bist, de wolf.

De FNP bracht in 2020 een bezoek aan een schapenhouder in Drenthe. De boer liet zien hoe hij met een hek de wolf probeert te weten.

De FNP bracht in 2020 een bezoek aan een schapenhouder in Drenthe. De boer liet zien hoe hij met een hek de wolf probeert te weten. Foto: Jaspar Moulijn

Nei 150 jier is de wolf ek werom yn Fryslân. Mei in fêststeld territorium op de grins fan Drinte en Fryslân libje al in skoft twa wolven. Dit jier is de kâns op rûdelfoarming grut. Mei de komst fan de wolf en de deade skiep nimt ek yn Fryslân de diskusje wer ta. Guon wolle in stek om Fryslân, in oar wol sjitte en wer oare partijen hjitte de wolf wolkom. De diskusje ferhurdet ek. Guon prate oer wolvefans en oaren oer -haters. Wa’t nei Dútslân sjocht wit dat wy hjir yn Fryslân noch mar oan it begjin stean fan in diskusje dy’t mooglik mear en mear polarisearje sil.

Heechste beskerming

Nieuws

menu