Wêrom't Frjentsjer eins Froonakker hjitte moatte soe: Pieter Duijff ûndersocht de betsjutting fan fjouwerhûndert Fryske plaknammen

Feinsum, Peazens, Ljouwert, Donkerbroek, Hichtum, Snits, Wytgaard, Bakhuzen, Akkrum. Set Pieter Duijff (65) fan Damwâld op syn fyts dêr’t er al hast njoggentichtûzen kilometers op makke hat en hy trapet der mei tichte eagen nei ta. It is it resultaat fan in jierrenlange syktocht nei de betsjutting fan de goed fjouwerhûndert Fryske plaknammen. Dy ekspedysje is no bondele yn Der dy namma fan heten is.

Pieter Duijff mei achter him 'De Gewei', it wetter dat yn syn jeugdjierren syn fassinaasje foar de komôf fan nammen oanwakkere.

Pieter Duijff mei achter him 'De Gewei', it wetter dat yn syn jeugdjierren syn fassinaasje foar de komôf fan nammen oanwakkere. Foto: Marcel van Kammen

As der ien ding is wat de ûnbidige speurtocht him jûn hat, dan is dit it wol: in geweldich soad entûsjasme. Fol fjoer praat Pieter Duijff de kommende twa oeren oer de betsjutting fan Garyp, oer it ‘riedsel’ Akkrum en oer Frjentsjer, dat as ús foarâlden it goed fertaald hiene eins Froonakker yn stee fan Franeker hjitte moatten hie. En oer tal fan oare Fryske plakken, fan uterlik faak al prachtich, mar noch moaier as je de ûntsteansskiednis dernêst lizze.

Nieuws

menu