Dorpenserie: Snakkerburen is een buurtschap, maar wel eentje met dórpstuin

In de schaduw van de flats van Bilgaard en de Vrijheidswijk ligt Snakkerburen. Tien keer zo groot als het dorp Leons maar officieel een buurtschap. Mensen staan in de rij om er een huis te kopen.

Janke Dekinga: Der is in soad feroare yn de ôfrûne fyftich jier. Earst wennen der arbeiders, doe studinten en no fan alles wat.

Janke Dekinga: Der is in soad feroare yn de ôfrûne fyftich jier. Earst wennen der arbeiders, doe studinten en no fan alles wat. Foto: Geert Veldstra

De straatnamen van Snakkerburen roepen weinig vraagtekens op. De oudste straten zijn Oan ’e Dyk en Oan ’e Ie en dan is er nog Op ’e Tún. Oan ’e Dyk huilt een baby. ,,Dat is by de buorlju”, zegt Marjolein de Zee. ,,Der wennet hjir fan alles. Alde minsken, jonge minsken mei bern, keunstners, muzikanten, direkteurs en arbeiders.” Ze is zelf juf op de basisschool van Lekkum, een kleine kilometer verderop en woont sinds twee jaar met haar drie zoons in Snakkerburen.

,,It wennet hjir hartstikke moai. It is in iepen mienskip. Ast wolst, kinst dy der by jaan, der wurdt hjir fan alles organisearre. Mar ast net meidwaan wolst, is it ek gjin punt. It is in romtinkend plak.” In het buurtschap wonen zo’n 250 mensen, verspreid over ongeveer honderd woningen.

Populair

Aan het einde van de steeg tegenover De Zee woont Janke Dekinga aan de Dokkumer Ie. Ze groeide op in Snakkerburen en keerde na dertig jaar terug. ,,It is hjir aardich feroare. Doe’t ik jong wie, wennen hjir noch foaral arbeiders. In protte dêrfan wurkten yn de oaljefabryk oan de Ie.” Snakkerburen was volgens Dekinga echt een rood buurtschap. ,,Yn herberch De sân stjerren by it Kasteleinsplak waard ek gjin druppel alkohol skonken.”

Na de arbeiders kwamen de studenten. ,,Myn âlden hiene trettjin húskes yn ’e ferhier. Us mem ferhierde se yn it lêtst oan studinten want dy moatsten ek in plakje hawwe neffens har. Doe’t wy de boel begjin jierren njoggentich ferkochten nei har fer-stjerren, stiene de minsken yn ’e rige om in hús te keapjen. Dat is de lêtste jierren allinnich mar slimmer wurden. Foar sommige wenningen binne wachtlisten foar at se ferkocht wurde, mar dan kin it samar wêze dat immen der oerhinne biedt dy’t it graach hawwe wol.”

De Zee vindt het wel jammer dat de prijzen in Snakkerburen de laatste jaren zo omhoog zijn geschoten. ,,It soe jammer wêze as it aanst net mear mooglik is foar minsken dy’t wat minder fertsjinje om hjir in hûs te keapjen. De fariaasje hjir is júst sa moai.”

Geen bier maar wijn

Inwoners van Snakkerburen worden volgens De Zee nu al door sommige Lekkumers als elitair gezien. ,,Lekkum is echt in doarp. Sy sizze dêr wol foar de grap dat yn Lekkum bier dronken wurdt, mar dat se yn Snakkerbuorren allinnich mar wyn drinke.”

Snakkerburen is nog altijd een buurtschap. Er is geen kerk, maar wel een dorpstuin, de centrale ontmoetingsplek. Dekinga: ,,It is in dóárps-tún omdat it ek troch Lekkum brûkt wurdt. Dêrneist binne der in protte lju út ’e stêd te finen, ûnder oaren út ’e wyk Blitsaerd. Boppedat klinkt in boarskipstún ek lang sa moai net.”

Snakkerburen is een buurtschap

Snakkerburen koestert volgens De Zee en Dekinga geen aspiraties om ooit de dorpsstatus te krijgen zoals in 2006 gebeurde met Nij Altoenae. Dekinga: ,,Wy ha altyd in buorskip west en dat kin prima sa bliuwe.”

,,Snakkerbuorren komt fan it snakken en dat betsjut babbelje. De skepen dy’t fan Dokkum kamen giene hjir foar wâl om te wachtsjen foardat se Ljouwert yn mochten en dit wie it plak wêr’t se dan mei mekoar babbelden. Ek by Eastermar en Akkrum binne buorskippen dy’t Snakkerbuorren hjitte.”

Ast wolst, kinst dy der by jaan. Mar ast net meidwaan wolst, is it ek gjin punt

Terwijl Snakkerburen tegen Leeuwarden aan ligt, is het nog altijd gericht op Lekkum. Dekinga: ,,Yn myn jeugd lei der noch in hiel stik lân tusken it buorskip en de stêd yn. Wy tsjerkten yn Lekkum en giene dêr nei skoalle. Allinnich de grifformearden giene nei Ljouwert omdat hjir gjin kristlike skoalle wie.”

Ondanks de populariteit van Snakkerburen verwacht Dekinga niet dat er woningen worden bijgebouwd. ,,Der is in ôfspraak makke mei de gemeente Ljouwert dat der net boud wurdt tusken de Lekkumerdyk en de Ie. Wy sille nea in wyk fan Ljouwert wurde.”

Het Friesch Dagblad bezoekt deze zomer elke week een bijzonder dorp of bijzondere plaats in Fryslân

Nieuws

menu