Flechtgedrag: 'Bee echt wichtige wedstriden, krij ik wolris de fyts en gean in blokje om'
Trouw-kollumnist Stijn Fens omskriuwt himsels as in ‘voetbaldeserteur’. Sitaatsje út syn kollum fan 15 juny: ,,Zodra het een beetje spannend wordt op televisie (…), voel ik de drang op te staan en naar buiten te lopen. De straat op. Weg van een tussenstand die ik niet aan kan, verlost van een spanning die me naar de keel grijpt.”

Oranjesupporters voorafgaand aan de tweede voetbalwedstrijd van het EK voetbal tussen Nederland en Noord-Macedonie in de Johan Cruijf ArenA. Foto: ANP
No bin ik as âld-tsjinstplichtige (95-04) beslist gjin deserteur. Wol in ûnderdûker. As it om echt wichtige wedstriden giet, krij ik in kertierke foar de ôftraap wolris de fyts en gean ik in blokje om. Gewoan wat ombanjere yn de stêd, harkjend nei fûgels, waans fluitsjen miskien oerskade wurdt troch jûchheigerop of geboe. Tuskentroch besjoch ik in pear flatgebouwen en tink ik: kin dizze nijsgjirrige betonkonstruksje in doelpunt wol oan? As ik neat hear, hat de arsjitekt syn wurk dus goed dien, mar eins hoopje ik dat er prutswurk ôflevere hat. Sa folje ik de oeren troch de wichtichste bysaak yn it libben saneamd net mear wichtich te finen. It is ferlerne tiid, om’t ik a. de konfrontaasje net oangean, feitliks it libben net oandoar; b. in miening ha oer it sjongen fan fûgels en de konstruksje fan flatgebouwen, saken dêr’t ik my yn it deistich libben werklik noait mei dwaande hâld.