Gryt van Duinen hie each foar grut én lyts: 'As ik eat in sinvol ynisjatyf fyn, dan fyn ik it aardich om dêr wat mei te dwaan'
Oud-journalist van Omrop Fryslân Gryt van Duinen (72) is op maandag 3 april overleden. Ten tijde van haar afscheid bij de Omrop werd ze geïnterviewd door Friesch Dagblad-journalist Gerbrich van der Meer. Dit is dat interview uit 2013.

Gryt van Duinen in 2013. Foto: Archief LC
Tefreden en foldien is se. Yn alle rêst sit Gryt van Duinen op ‘e stoel yn har wenkeamer mei útsicht op de âlde kearn fan it suver troch Ljouwert opslokte doarpke Goutum. ,,Ik bliuw altyd sjoernalist fansels, ik bin no ienkear ynteressearre yn minsken. Mar kwa wurk moat it in kear ophâlde.”