Hoe't it Joadske ûnderdûkersjonkje Harry Davids it paad werom nei Ingwierrum fynt: oer tefolle hannen, in pynlike skieding, moed, leauwe, ferset en leafde

Dit is it ferhaal fan in Joadsk ûnderdûkersjonkje dat yn de lotterij om it libben de haadpriis wint. Dit is it ferhaal fan Harry Davids.

Thomas Sijtsma by if grêf fan syn oerpake en -beppe Berend en Jeltje Bakker-Woudsma yn Ingwierrum. Op de eftergrûn it hûs fan syn syn oerpake en -beppe, dêr't se yn en nei de Twadde Wrâldoarloch hast trije-en-in-heal jier it Joadske ûnderdûkersjonkje Harry Davids leafdefol grut brochten.

Thomas Sijtsma by if grêf fan syn oerpake en -beppe Berend en Jeltje Bakker-Woudsma yn Ingwierrum. Op de eftergrûn it hûs fan syn syn oerpake en -beppe, dêr't se yn en nei de Twadde Wrâldoarloch hast trije-en-in-heal jier it Joadske ûnderdûkersjonkje Harry Davids leafdefol grut brochten. Foto: Jan Spoelstra

‘It rint miskien in bytsje út’, sa appt Thomas Sijtsma (Dokkum, 1985) dizze bliere moarntiid krekt nei kertier oer njoggenen. Op it Tsjerkepaed yn Ingwierrum siket de warbere fotograaf op dit stuit it perfekte plaatsje en dat freget krekt wat mear tiid. Net folle letter trillet it apparaat wer. ‘Underweis’.

Nieuws

menu