Hoe’t Fryslân yn 1506 syn ‘kroanprins’ ferlear

‘Moard! Moard!’ skreaut Douwe Sikkes Sjaarda yn 1506, efkes bûten Snits. En dan is er dea. Waard syn liaison mei ‘moaie Dieuwke’ him fataal? Of stuts der oars wat achter de miskien wol ûnbekendste politike moard út de Fryske skiednis?

Tekening mei pinsiel en inket troch Hendrik Hollander, 1843.

Tekening mei pinsiel en inket troch Hendrik Hollander, 1843.

Op it Reaklif sil fan ’t jier de betinking fan de Slach sûnder al tefolle franje plakfine kinne, om de bekende reden dat oars om testbewizen frege wurde moat. Neffens de organisaasje is dat net sa’n winkend perspektyf foar de doelgroep en ek dreech wier te meitsjen, yn ’e iepen loft en oan in trochgeande dyk. No is in bytsje minder yn dit gefal ek net sa hiel slim, want earlik is earlik, 1345 is langer as in pear jier lyn. En om no altyd dy Hollanners by de noas te nimmen.

Nieuws

Meest gelezen