Jan Bartele Vries (1911-1944) wie in ekstremist út Westergeast. De leafde foar hinnen paste muoiteleas yn syn wrâldbyld fan nasjonaal-sosjalisme en pseudo-wittenskiplike teoryen oer rassuverens en monoteïsme | Boekpresintaasje

Histoarikus en wittenskipper Oebele Vries skreau in boek oer it koarte libben fan de radikaal-frysksinnige Jan Bartele Vries (1911-1944). Dizze boeresoan, lânboukundich yngenieur en publisist, kaam yn ’e besnijing fan it nasjonaal-sosjalisme en hong pseudo-wittenskiplike teoryen oer rassuverens en oer monoteïsme oan. Syn leafde foar hinnen paste muoiteleas yn dat wrâldbyld.

Oebele Vries uit Westergeast schreef het boek 'Ekstremist út Westergeast'.

Oebele Vries uit Westergeast schreef het boek 'Ekstremist út Westergeast'. Foto: Marcel van Kammen

Wa’t In ekstremist út Westergeast lêst, moat konklúdearje dat de haadpersoan (tenei: Jan) kânsen krige. Hy koe goed meikomme en studearre yn Wageningen, in perioade dêr’t er him ûntjoech as radikaal Frysk nasjonalist. As yngenieur krige er de funksje fan ryksplomfeekonsulint. Yn 1937 troude er mei Gerda Muller, mei wa’t er trije bern krige. Jan kaam om it libben by in bombardemint op Berlyn, dêr’t er wie as lid fan in delegaasje dy’t Nederlânske boeren yn Litouwen opfange moast.

Nieuws

menu