In noflike, komyske wrâldpremjêre op ‘e Jouwer | Resinsje Griener Gers
Maart 2022, twa jier letter: de maatregels yn ferbân mei de Covid-19 pandemy binne ferdwûn. De Fryske kultuersektor is wer op in soad fronten aktyf. Fuortendaliks wie der freedtejûn op ‘e Jouwer in Fryske wrâldpremjêre te belibjen. De Fryske Krite hie de kar makke om de komeedzje Griener Gers oer it fuotljocht te bringen yn brûsplak ‘t Haske.

De cast van Griener Gers Foto: Fryske Krite
Oer de kwalitative ynhâld fan de keazen komeedzje hoegde De Krite net yn te sitten. Op dyselde freed krige skriuwster Anja Steegstra te hearren, dat har stik troch de sjuery fan de Fedde & Martha Bergsmapriis foar de priis nominearre wie, as ien fan de fiif kandidaten . De skriftlike basis wie dus oanwêzich.
Direct verder lezen?