It falt net te begripen, mar boer en minskeminsk Jan de Groot fan de Hilaerdermieden is net mear te rêden | Yn memoriam

‘Lokkich nijjier’. De wurden sjonge noch yn syn holle om as Jan de Groot op nijjiersmoarn om healwei achten, krekt wat letter as oars, de melkput ynstapt. Net folle letter balte de sirenes op de Hilaerdermieden. It falt net te begripen, mar Jan is net mear te rêden.

Jan de Groot (1975-2022).

Jan de Groot (1975-2022). Foto: privékolleksje famylje De Groot

Sa spikerhurd is it libben dus, of better: de dea. Jan de Groot is 46 jier en boer yn ieren en sinen, dat is wis. Mar mear noch as dat is Jan in minskeminsk. Yn de tredde helte, nei it keatsen of it fuotbal, praat er as it heal kin net oer kij of pleats. Folle leaver skoot er oan en freget: ‘hoe is it mei dy?’.

Nieuws

menu