Hea! bestiet tweintich jier. Jancko Krist wie de earste jierren it ferburgen gesicht fan it populêre programma fan Omrop Fryslân

Sûnder dat er syn gesicht ek mar ien kear sjen liet, wie Janko Krist lange tiid ít gesicht fan Hea! It populêre programma fan Omrop Fryslân bestiet dizze simmer tweintich jier.

Janko Krist.

Janko Krist. Foto: Niels de Vries

De bern nei skoalle, Miranda boppe oan it wurk. Tiid foar in bakje. Hie Janko Krist (40) op dit stuit net oan de oare kant fan de tafel sitten - dus net as de ynterviewde mar ‘gewoan’ as ynterviewer - dan hie it likernôch sa gien: in praatsje oer it waar, oer de fuotbalwedstriid fan justerjûn en beare hoe moai de tún derby leit en oh ja, wat in prachtich hûs! Les ien foar begjinnende fer-slachjouwers: wolle jo immen op de praatstoel krije, dan mei in goeie waarming up net ûntbrekke.

Nieuws

menu