Wat doedestiids net koe, kin no wol. En dus kear ik foar it eksamen Frysk nei 36 jier werom nei myn âlde middelbere skoalle

Yn 1986 die ik myn eineksamen havo op de Stedelijke Scholengemeenschap (SSG) yn Ljouwert. Noait tocht, mar dochs bard: presys 36 jier letter bin ik op itselde plak werom. Op it menu hjoed stiet it eksamen Frysk.

Het havo-examen Fries van 2022.

Het havo-examen Fries van 2022. Foto: FD

In soad feroare is der net. Ja, de namme fan de skoalle is yn de tuskentiid in pear kear feroare en is no Leeuwarder Lyceum. En ek de aula hat in nij gesicht krigen. It ienfâldige ynterieur fan doedestiids is by it grou ôffal set. Brede reade sitbanken oan de sydkant en yn en rûn de grutte kûle (dy’t der doe ek al wie) steane bêzje-eftige picknicktafels.

Nieuws

menu