Nei hûs ta | Column Jaap Krol

Nederlân waard dus útskeakele op it WK. No hiene wy freed iters oer de flier en woe ik de feestlike stimming net bedjerre troch nei it fuotbaljen te sjen – ús gasten hiene der neat mei, wist ik. Earne wie ik dêr wol bliid om, want ek mei gasten derby kin ik my by sokke gelegenheden totáál gean litte. Dat betsjut dan roppe en (noch mear) raze, hinne en wer drave, skelle, troch de knibbels gean en mei de fûsten op de flier slaan.

Jaap Krol.

Jaap Krol. Beeld: FD

Troch lekker te iten en noflik te keuveljen soe ik dus ûntsnappe oan de stress. De tiid fleach dan foarby, sûnder dat ik my earne om bekroade. Neigeraden dat ik âlder wurd brûk ik dizze techniken faker. Gewoan om tsien oere hinne op teletekst sjen en klear soe Kees wêze. Doe’t wy om kertier oer tsienen hinne ús gasten nei it stasjon ta brochten en ik op it perron de telefoan griep en tusken noas en lippen meidielde dat it 2-0 foar Argentinië stie, seine se dat se it WK oars mei spanning folgen. Of se de wedstriid oars sjen wollen hiene? frege ik. Jawis! wie it antwurd.

Nieuws

menu