Oane Visser (1944-2022), de lêste mûnder fan Hantum | In memoriam

De Lytse Jouwer hat in markant gesicht ferlern. Op snein 9 jannewaris is Oane Visser (77) ferstoarn. In yntelligint ambachtsman yn Noardeast-Fryslân dy’t sjen liet hoe’t âlde kennis en ambacht yn hjoeddeiske tiid oerlibje kin. Syn erfskip stiet yn it fjild fan it Hantumerleech en op it doarp Hiaure.

Oane Visser.

Oane Visser. Foto: FD

Oane Visser wie in ryk belêzen man. Mei kennis oer streekhistoarje en Fryske taal hie er ynfloed op resinte beslútfoarming fan de gemeente Noardeast-Fryslân. Syn wittenskip dat de doarpsnamme ‘Hiaure’ in âld-Fryske beneaming is fan it lokale lânskip joech yn 2021 de trochslach yn ‘e striid fan it doarp mei de gemeente oer behâld fan de namme by saneamde ferfrysking fan doarpsnammen.

Nieuws

menu