Opiny: It wûnderlike gûcheljen mei Fryske sifers

Hoe’t it derfoar stiet mei de Fryske taal is in polityk gefoelige kwesty. De lêste tiid liket it glês heal fol – yn de publisiteit alteast. Sels as it CBS meldt dat mar 39,6 prosint fan de Friezen thús Frysk praat. Hoe kin dat?

Vertaalprogramma van Google heeft de Friese taal opgenomen.

Vertaalprogramma van Google heeft de Friese taal opgenomen. Foto: ANP

Gelokkich hawwe wy yn West-Europa in min ofte mear frije parse. Wat net sizze wol dat te uzes yn de publisiteit noait wûnderlike saken barre. Foarfallen dy’t jin fernuverje en dy’t om in ferklearring freegje. Foarbylden yn Fryslân binne ûnder mear te finen yn de ûneinige stream ûndersiken nei de stân fan saken wat de Fryske taal oanbelanget. Yn dy ûndersiken giet it altyd om de kwesty hoefolle minsken yn Fryslân (noch) Frysk prate. Je soenen sizze, is dat no sa dreech om fêst te stellen? Ja, dat is it. In minefjild.

Tsjinstelde belangen

Hoe komt dat? It is in spultsje fan tsjinstelde belangen. De Provinsje Fryslân hat in taalbelied dat der op rjochte is om – mei beskate beheiningen – it brûken fan it Frysk te befoarderjen. Om’t sukses melde no ienris aardiger is as falen rapportearje hawwe de provinsjale polityk en it provinsjale apparaat belang by in florissante foarstelling fan saken. Bewuste Frysktaligen en Fryske bewegers, oan de oare kant, miene gauris dat it provinsjaal belied te min úthellet, wolle in gruttere ynspanning fan de oerheid foar har taal en hawwe dus belang by in minder florissante foarstelling fan saken. Earne dêr tuskenyn treffe wy de Nederlânsktalige Friezen oan. In lyts part hat Frysk leard, mar in protte hawwe gauris in tsjinsin yn de taal dy’t se net of net goed ferstean of skriuwe kinne.

Fanâlds is ûndersyk nei de tastân fan it Frysk it terrein fan de Fryske Akademy (FA), dy’t om de safolle jier mei nije sifers komt (1969, 1984, 1995, 2018). De provinsje sels die saneamde ‘fluchhifkings’ yn 2007, 2011 en 2015. Sûnt de oprjochting yn 2015 troch de provinsje fan it Fries Sociaal Planburo (FSP) komme ek fan dy kant sifers. En ek lanlik binne der sifers, fan it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS). Oan sifers gjin brek, mar wat sizze se?

Net samar te ferlykjen

It is in poepetoer om dat út te meitsjen. Foar dy ûndersiken wurde ferskillende ûndersyksmetoaden brûkt, fan telefoanyske petearen oant skriftlike enkêtes, en ek de ûndersykspopulaasjes (fan hoefolle minsken wurde data sammele) rinne nochal útinoar. Dat makket dat al dy ûndersiken net samar mei inoar te ferlykjen binne. In nij ûndersyk betsjut dus – meastal – ek in nij debat. Hoe represintatyf binne de útkomsten? Giet it goed of min mei it Frysk? Op sokke fragen komme ferskillende antwurden, om’t der ferskillende belangen op it spul stean. En miskien ek om’t minsken ferskillende dingen lêze wolle. Foar de ien is it glês altyd heal leech, foar de oar altyd heal fol.

Politike omstannichheden spylje ek in rol. Tsjintwurdich sitte wy dúdlik yn de tiid fan heal fol. Sit de FNP yn it provinsjale regear, lykas hjoed de dei it gefal is, dan is in part fan de Fryske beweging net al te negatyf oer it (eigen) provinsjale taalbelied en is it glês dus heal fol. Komme Deputearre Steaten ynienen mei in útstel om 45.000 ekstra nije huzen yn Fryslân te bouwen yn ruil foar de komst fan in Lelyline – en freezje guon Frysktaligen dêrom in noch hurdere delgong fan it Frysk yn de kommende jierren – dan is foar de provinsje it glês sels noch foller as heal fol. Ommers, in sterke taal kin wol in ymmigraasjeklapke ferneare.

Mei dizze kontekst yn ’e achterholle kinne wy in konkreet foarbyld fan sa’n wûnderlike saak yn ’e publisiteit miskien better pleatse. Okkerdeis publisearre it CBS in ûndersyk, útfierd yn 2019, ûnder mear as 7.600 Nederlanners fan fyftjin jier en âlder nei har taalgebrûk. De minsken waarden skille mei de fraach watfoar taal of dialekt se thús meast brûkten. Wat it Frysk oanbelange, wie de útkomst dat 39,6 prosint fan de respondinten yn Fryslân thús Frysk praat. Fryske media brochten dat as tige posityf nijs. De koppen: ‘CBS: leeftiid hat gjin ynfloed op it gebrûk fan de Fryske taal’ (Omrop Fryslân, 16 july), ‘De Friese taal blijft nog altijd springlevend’ ( Friesch Dagblad , 16 july) en ‘Friese taal floreert naast thuis ook online’ ( Leeuwarder Couran t , 17 july).

It earste wat oan dy berjochten opfalt is dat se net wize op de grutte diskrepânsje mei de oare resinte taalûndersiken yn Fryslân. Dy kamen sûnder útsûndering út op sa’n 50 prosint of mear Fryskpraters. De ôfwiking ynienen nei ûnderen fan mear as 10 prosintpunt yn de CBS-sifers wurdt yn de niisneamde berjochten net as sadanich beneamd. Dus wurdt der ek net in ferklearring foar socht.

Yn it each rint ek dat nearne yn de berjochten melding makke wurdt fan ûndersyksmetoaden of represintativiteit. It CBS sil noait mear as in lytse 400 Friezen befrege hawwe (yn Fryslân wennet in lytse 4 prosint fan de Nederlânske befolking). In wol hiel grut ferskil mei de tûzenen respondinten yn it meast resinte ûndersyk fan de Fryske Akademy.

Krityske kanttekeningen berikten it publyk net

Ergo, der wie alle reden om de nijste, dúdlik ôfwikende CBS-sifers yn it ljocht fan eardere ûndersiken te setten. Dat barde yn de berjochtjouwing lykwols net. Formulearringen mei in slach om ’e earm komt men ek net tsjin. Problematisearring treft men net oan. Krityske kanttekeningen fan wittenskippers berikten it publyk net. It sjoernalistike abc waard flotwei oerhinne skreaun mei tige positive eigenskipswurden as ‘springlevend’ en ‘floreert’.

De fraach dêr’t ik no dochs mei sitten bliuw, is hoe’t dat kin. Gjin tiid? Gjin kennis? Desynteresse? Politike of ynstitúsjonele belangen? Zweckoptimismus ? Ferlet fan posityf nijs nei twa jier koroana? Of leit it oan it maatskiplik fjild fan krêften, dêr’t it Frysk al twahûndert jier yn fersûpt? Jo meie it sizze. Ik wit it werklik net.

Abe de Vries is skriuwer en sjoernalist