'Ek yn Roubaix wie it op sneontejûn aaklik stil. Gjin feestlikheden op it merkplein. Is moarn net Luik-Bastenaken-Luik, fregen wy ús noch ôf' | Kollum Jaap Krol
Wy wiene freeds nei Parys set om sneon fia in omwei nei Roubaix te racen. Dy omwei wie bedoeld om de ferneamde kasseiestreken fan tichtby te besjen, yn alle gefallen yn it plakje Haveluy. No ja, safolle wie der net te sjen, want útsein in spandoek wie der neat dat wiisde op de romrofte klassiker fan moarn.

Jaap Krol. Beeld: FD
Ek yn Roubaix wie it op sneontejûn aaklik stil. Gjin feestlikheden op it merkplein, gjin minsken op strjitte. Is moarn net Luik-Bastenaken-Luik, fregen wy ús noch ôf. Doe sieten we al yn ús hotel, om de rûtekaart nochris troch te nimmen. ‘Wy’ is trouwens fjouwer leafhawwers dy’t ek wolris op it sadel sitte.