Reinbôgeflagge op de PC yn Frjentsjer. Dit is de dei en de dei is fan uzes mei elkoar | Opinie

‘De dei is uzes’, is it tradisjonele sizzen fan de PC-foarsitter as er de wedstriid iepenet. Dat de dei yndie fan ‘uzes mei elkoar’ is, hat de PC diskear mei in reinbôgeflagge beklamje wollen. Út de reaksjes docht pynlik dúdlik bliken dat yn Fryslân noch genôch minsken oantroffen wurde kinne dy’t byles fanneden binne as it oer ferdraachsumens giet

Er is veel discussie over de Friese regenboogvlag die het PC-bestuur heeft laten ophangen.

Er is veel discussie over de Friese regenboogvlag die het PC-bestuur heeft laten ophangen.

Soe de PC yn Frjentsjer net ris in reinbôgeflagge ophingje kinne op de Grutte Dei fan it Fryske keatsen? Dy fraach stelde sjoernalist, eks-Tûmba-direkteur en bekend keatsleafhawwer Ate de Jong yn juny oan de foarsitter fan de PC, Ids Hellinga. Yn de FryslânDOK-ôflevering ‘ Groeten uit Friesland ’ fan 26 juny makke er syn idee buorkundich. Reaksjes op de Facebook-post fan dy dei fan Omrop Fryslân , in seleksje:

Nieuws

menu