Tusken sân yn ‘e learzens en springe yn it djippe sit in wrâld fan ferskil | Resinsje

Tusken sân yn ‘e learzens en springe yn it djippe sit in wrâld fan ferskil. Oars sein: tusken boartsjen yn jins jongste jierren en de puberteit (en ek noch letter) sit in hiel libben, want dan komt de fraach: wa bin ik, wol ik wêze hoe en wa’t ik bin, hoe wurd ik mysels, litte oaren dat ta en lit ik dat mysels ta? Grutte libbensfragen dêr’t jongerein mei dwaande wêze kin. Alteast, dat moatte we begripe as we nei de foarstelling fan jongerein-teatergroep SWiT sjogge. En hoe wier binne dizze fragen.

Sâlt en sûker fan teater SWiT

Sâlt en sûker fan teater SWiT Foto: Stichting Een brug slaan

Arcadiaprojekt Broei foar jonge makkers, dy’t begelieden wurde troch profesjonele krêften, is hiel serieus oppakt troch Stichting Een brug slaan út Súdwest-Fryslân, dêr’t teater SWiT ûnderdiel fan is. De jonge makkers, yn dit gefal de SWiT-jongerein, hawwe de ferhalen/ûnderwerpen levere en akteur/skriuwer Eelco Venema hat dêr in oantreklik en mearsidich skript fan makke. Regisseurs Baukje Krikken-De Boer en Nienke Brinkhuis hawwe mei de jongerein, fan 12 oant 22 jier, ien en oar moai foarmjûn op it prachtige terrein fan de fierljepskâns yn it Heidenskip by Woarkum.

Kampeare by boer Geart

Nieuws

menu