Vrijwilligers in Waskemeer zorgen dat er voor iedereen plek is in De Herberg: 'Bewenners misten in plak dêr’t se byinoar komme kinne' | Serie: Het dorpscafé

Het stimuleren van ontmoetingen. Met dat oogmerk werd lunchcafé De Herberg in Waskemeer begin 2019 overgenomen door de gelijknamige stichting. Over loonkosten hoeft de penningmeester zich geen zorgen te maken, want een groep van zo’n zeventig vrijwilligers vormt de kurk waarop het witte pand drijft.

Vrijwilliger Reinder de Roos voor lunchcafé De Herberg in Waskemeer.

Vrijwilliger Reinder de Roos voor lunchcafé De Herberg in Waskemeer. Foto: @

Drie Waskemeerse dorpsvlaggen wapperen fier boven het terras van De Herberg. Het bord waarop het consumptieaanbod staat geschreven is reeds op zijn plaats gezet door een van de vrijwilligers, die binnen hun dag beginnen boven een kop koffie. Twee van hen, Reinder de Roos en Ieke Otter, zitten in het bestuur van de stichting.

Alcoholvrij

Bij de vraag hoe De Herberg zich het beste laat omschrijven, kiezen ze na kort nadenken voor ‘lunchcafé’ en ‘ontmoetingsplek’. ,,Ast tinkst oan in kafee of kroech, tinkst al gau oan alkohol. Mar wy skinke dat hjir net”, zegt Otter, de penningmeester van de stichting. ,,Wy seagen dêr net folle foardiel yn. Foar in drankje kinst wol nei it doarpshûs, neist it fuotbalfjild. Dat is troch de wike jûns iepen en yn it wykein ek oerdeis, as der spile wurdt. Derneist wolle wy de frijwilligers net belêste mei klanten dy’t in protte dronken hawwe”, legt ze uit. ,,Guon fine it spitich. Koartlyn kaam der in groep motorriders yn. Doe’t se hearden dat der gjin bier wie, stapten se wer op ‘e motor, haha.”

De Herberg biedt plek aan verschillende leeftijdsgroepen. Van passanten op leeftijd, die tijdens een fietstocht willen bijtanken met een cappuccino en appelgebak, tot jongeren die er pannenkoeken bakken, of vóór het gebouw plezier maken tijdens een schuimparty. Op vrijdag- en zaterdagavond gaat de frituur aan en kan iedereen er terecht voor patat en snacks. Door corona werden de meeste van dit soort activiteiten al na een paar maanden stilgelegd, maar ze komen snel weer op de agenda, zeggen de bestuursleden.

Geen supermarkt of bakker

Het pand aan de Bakeveensterweg, dat in 1911 als herberg werd gebouwd, kreeg in 2000 een nieuwe eigenaar. Die toverde het om van een kroeg in een eetcafé, dat alleen open ging bij reserveringen. ,,De moannen foar’t wy it oernamen wie der wer in nije eigner. Hy die der in skoft neat mei en hie plannen om der hierapparteminten yn te meitsjen”, legt voorzitter De Roos uit.

,,By in gearkomste yn it doarpshûs begjin 2019 waarden minsken frege wat nedich wie yn Waskemar. Doe waard dúdlik dat bewenners in plak misse dêr’t se byinoar komme kinne. Der is hjir gjin supermerk, gjin bakkerij en gjin slachter. Dat komst net sa gau ien tsjin. Fan dat momint ôf begûn de bal te rôljen.”

250.000 euro verzamelen

Er werd een crowdfundingsactie op touw gezet. Om De Herberg zijn nieuwe bestemming te kunnen geven, was 250.000 euro nodig. Het liefst binnen een half jaar, omdat er anders overdrachtsbelasting bij op kwam. Het bestuur had aan vier maanden genoeg.

,,Wy hiene in oprop dien yn de krante: minsken koene ús lieningen jouwe tusken sântûzen en fyftichtûzen euro”, zegt Otter. ,,Wy gongen ek del by minsken dêr’t wy fan tochten dat sy wol wat te besteegjen hiene. De bedraggen kamen doe yn in frij rap tempo binnen. Dat wie net allinnich woldiedigens, sy krigen ek 2 prosint rinte oer it bedrach, wêr’t dat by in bank nul is. Dat hat ek holpen fansels. Wy krigen ek subsydzje fan de gemeente Eaststellingwerf en it Iepen Mienskipsfûns.”

Soms kwam er financiële hulp uit onverwachte hoek, vertelt Otter. ,,In frou frege wêrom’t it mooglik wie om te lienen fan sântûzen euro ôf. Us stifting hat in kristlike oanpak en ik fertelde har dat sân it getal fan de folheid is. ‘Meitsje der dan mar sân kear sân fan’, sei se. En sa hiene wy ynienen in heale ton.”

Taarten bakken

Toen het bedrag bijeen was, kon het opknappen van het pand beginnen. Daarbij kreeg het bestuur hulp van de inwoners van Waskemeer, vertelt De Roos. ,,Ik hie in opropke dien wa’t helpe koe om it âlde plafond op te knappen. Yn gjin tiid stiene der seis manlju klear en it wurk wie yn in oerke dien. En doe’t wy oan in muorre wurken, kaam der ien del om frikandellen út te dielen.”

Die onbaatzuchtigheid is er sinds de opening nooit verdwenen, illustreert hij. ,,De taarten dy’t wy ferkeapje wurde bakt troch minsken yn it doarp. ‘Geweldich wurk, bakke, mar it probleem is datst it allegear opite moatst’, seine sy. Dat sy jouwe it oan ús. It toant de belutsenens fan it doarp.”

De tijd die alle vrijwilligers in De Herberg hebben gestoken, begint effect te sorteren. Naast de mooie gesprekken tussen de vrijwilligers onderling komen ook de gasten meer over elkaar te weten. ,,Koartlyn wachten hjir twa manlju op harren patat. ‘Komsto hjir ek wei?’ frege de iene de oare. Nei wat neier freegjen die bliken dat it buorlju wiene, en se praten efkes”, vertelt De Roos. ,,Wy wolle gewoan dat minsken derfan genietsje om hjir te kommen. Dat immen tinkt, as hy allinnich thús is: ‘efkes nei De Herberch, foar in bakje kofje.’”

In deze zomerserie brengt het Friesch Dagblad de verhalen achter de gevel van het dorpscafé in Fryslân. Alle afleveringen staan op www.frieschdagblad.nl