Yn it moed taaste troch tankwurd Van der Meer

Sneon yn de Boalsterter Martinitsjerke moast mannich oanwêzige triennen weipinke doe’t Gysbert Japicxpriiswinner Aggie van der Meer (92), bern fan de stêd, har tankwurd útspruts. It wie, yn meardere opsichten, it hichtepunt fan in bysûndere seremoanje.

Skriuwster Aggie van der Meer by de útrikking fan de Gysbert Japicx-priis yn Boalsert.

Skriuwster Aggie van der Meer by de útrikking fan de Gysbert Japicx-priis yn Boalsert. Foto: Niels de Vries

Fan fierren wie de Fryske flagge op de toer al te sjen. Freonen, famylje en kunde kamen op de ljochte, mar kâlde hjerstsneon nei de útrikking. Der wiene fansels in soad kollega-auteurs. Van der Meer neamde de oare nominearren yn har tankwurd, winske har ynspiraasje en tiid fan skriuwen ta.

Dat sy sels har tankwurd sei, wie mei it each op har kwetsbere sûnens bysûnder. Se wie der al wiken mei dwaande om har stim te trenen, ûnder oaren, sa fertelde se, troch ferskes te sjongen (Stille nacht en Berend Botje) mei in moslimfamke dat yn wensoarchsintrum It Menniste Skil wurket.

‘De tsjûgen fan de macht’

Deputearre Sietske Poepjes oerlange de oarkonde, neidat Houkje Rypstra it sjueryferslach lêzen hie.

Achter yn de romte, op de boekedis, lei Van der Meer har nije boek De tsjûgen fan de macht. Pier Bergsma fan de Ried fan de Fryske Beweging fer-soarge de tradysjonele laudatio. „Aggie mei har graach earne tsjin fersette, wy litte de macht tefolle syn gong gean”, sei er. Jan Steringa spile op it oargel en Hindrik van der Meer, dy’t it gedicht Oan Gysbert, stêdgenoat op muzyk setten hie, op piano.

Liftsysteem

Mei in bytsje help waard de laureaat dêrnei mei har rolstoel nei foarren brocht. ,,No tille we it barren nei in heger nivo”, neffens gasthear Douwe Kootstra. Hy bedoelde it letterlik, want mei in druk op de knop en wat tsjoenderij mei in lining skode de stoel, ta fernuvering en hilariteit fan de oanwêzigen, mei in liftsysteem stadich in meter omheech.

Yn har werkenbere styl, mei fraach en antwurd (sels it sjueryrapport wie dêrtroch beynfloede) liet sy harsels hearre, mei heldere stimme. De Martinistjerke sels spile ek in rol. As famke seach Aggie van der Meer yn 1944 hoe’t de klokken troch de besetter út de toer helle waarden. „Dy middei wie de tsjerke fan ús allegearre. Net ien dy’t in wurd sei. Opnommen yn dy stilte, wiene wy de winners, en sy de ferliezers. En elkenien wist it.”

Yn har werkenbere styl, mei fraach en antwurd, liet sy harsels hearre, mei heldere stimme

Nei de oarloch troude se, mei in man dy’t har learde wat it wie om frij te wêzen. Stadich waarden se bûtensteanders. „Stribje nei frijheid is in nuodlik stribjen.” It moast sein wurde. Dochs sette se foaral dejingen yn it ljocht dy’t holpen, kânsen beaën en har by it skriuwen stimulearren om troch te setten. „Tankber? Ja, hielendal, en bliid”, sa spruts de laureaat.

Deselde middei wie de útrikking fan de Lytse Gysbert. Sûnt 2013 wurdt dy alle jierren útrikt oan de winner fan in dichtwedstryd ûnder skoalbern. Anna van der Kort, fan de St. Maartenskoalle út Boalsert, mocht de winnersoarkonde yn ûntfangst nimme. De sjuery wie bot ûnder de yndruk fan wat neamd waard de Annie M.G. Schmidt-eftige boartikens fan har fers De sjiraf.

Nieuws

menu