Nije Fryske Bibel wurdt ‘geef, mar linich’ oerset: in lienwurd hjir of dêr is tastien

Oan de oersetting fan de Nije Fryske Bibel wurdt hurd wurke. Op in stúdzjemiddei yn Tresoar stie de fraach sintraal: hoe moatte de oersetters omgean mei saneamde (oarspronklik net-Fryske) lienwurden?

Mei in fyftichtal besikers wie de brede stúdzje middei yn Tresoar goed besocht.  Foto: Marchje Andringa

Mei in fyftichtal besikers wie de brede stúdzje middei yn Tresoar goed besocht. Foto: Marchje Andringa Foto: MARCHJE ANDRINGA

De Bibel wurdt algeduerich oerset. Yn talen dêr’t er noch net yn oerset wie, en yn talen dy’t wol Bibeloersettingen hawwe mar dêr’t om de iene of oare reden dochs ferlet is fan in nije oersetting. Talen feroarje, troch massamedia bygelyks, troch druk fan in domintantere taal, of troch brek oan ûnderwiis yn de minder dominante taal. De earste Fryske bibel is dy fan Wumkes/Folkertsma út 1943. Dêrnei kaam yn 1978 de Nije Fryske Bibel-oersetting. Wilens is it tiid foar in update : de tredde Fryske Bibeloersetting is op kommendewei. Reden genôch om by de fraach stil te stean: hóe sette wy eins oer?

Nieuws

menu