De arsjitekten fan in nije gloarjetiid

Nei de earste gloarjeperioade ûnder rezjy fan Abe Lenstra yn de jierren om de Twadde Wrâldoarloch hinne (1941-1951) skreau Hearrenfean oan de ein fan de foarige iuw op ’e nij skiednis. Dit kear wiene Riemer en Foppe de arsjitekten fan it súkses.

21 juli 2001. Foppe de Haan is voor aanvang van de Intertotowedstrijd tegen Basel (2-3) in gesprek met Riemer van der Velde. Foto: ANP

21 juli 2001. Foppe de Haan is voor aanvang van de Intertotowedstrijd tegen Basel (2-3) in gesprek met Riemer van der Velde. Foto: ANP

Riemer van der Velde (79) en Foppe de Haan (76). In yntroduksje fan beide mannen is net nedich. As foarsitter en trener setten se de fuotbalklup Hearrenfean op de wrâldkaart en waarden se tagelyk bekende Nederlanners. Harren resept? Goed je bêst dwaan en de beide fuotten op de grûn hâlde. Hjoed, yn harren memmetaal, samar wat fragen.

Yn it alderearste plak: hoe giet it?

Foppe: ,,It is gelokkich prachtich waar, dat Geke en ik kuierje en fytse oant it swit ús by de holle delrint. Dêrneist bin ik oan it oprêden en oan it fuortsmiten. Ik hie in hiel soad tydskriften. Dat ja, Geke is wol wiis mei my, haha. Fierder bin ik wat yn de tún oan de gong. Dêr hear ik de skriezen en de lysters sjongen as nea tefoarren. Mar it is al oars. Ik bin dochs wend om in soad ûnderweis te wêzen. Dat kin no net. It is net oars. Ja, ik fyn it wol spannend. Ik betraapje my derop dat ik yn de krante tjinstwurdich de siden fan de libbene en de deaden lês. Dat hie ik noch noait dien. Wy hawwe ek al hiel wat kondoleânsekaartsjes op de post dwaan moatten, folle mear as oars. Geke en ik binne safier’t wy neigean kinne beide sûn. Mar wy nimme gjin risiko. Wy komme de doar hast net út en as wy dat wol dogge dan hâlde wy goed ôfstân. Je kinne net mijen genôch wêze op dit stuit. Se wolle wol hawwe dat Youp van ‘t Hek it firus hjir yn Akkrum oprûn hat doe’t hy nei ôfrin fan Hearrenfean - Ajax hjir west hat.”

Wy hawwe dizze ierde útholle en dat kin sa net langer. Wy sille in stap werom dwaan moatte

Riemer: ,,Wy hawwe wat in oar ritme. Wy komme der moarns wat letter ôf en dan hawwe wy de krante op bêd al lêzen. Oerdeis rinne Annie en ik in slach troch Langwar of geane der mei de auto in eintsje op út. Jûns sjogge wy tillevyzje en nim ik in whiskey. En dêrnei dream ik fan in moaie wrâld. Ik bin in positive dreamer, mar it is fansels wol dúdlik dat ús takomstbyld oars is. Ik wurd yn oktober 80 jier en as ik sjoch hoe’t wy de ôfrûne 75 jier misbrûk fan dizze ierde makke hawwe, dan is dat gigantysk. Sjoch bygelyks nei de Noard- en de Súdpoal, nei de enoarme berch plestik, nei it stikstofprobleem. Wy hawwe dizze ierde útholle en dat kin sa net langer. Wy sille in stap werom dwaan moatte.”

Wat wie jimme persoanlike hichtepunt by Hearrenfean?

Riemer: ,,Dan wol ik graach trije dingen beneame. As allerearste de bou fan it nije Abe Lenstrastadion en anneks dêroan de eare dy’t de wichtichste man ea foar Hearrenfean mei de namme fan it stadion en it stânbyld krigen hat. Twads: it beheljen fan de Champions League yn 2000 mei in alvetal dat hast allegear út de earste difyzje kaam. En treds, en dat is miskien wol it moaiste, de geweldige ferbûnens yn al dy jierren tusken supporters, spilers, sponsoaren, frijwilligers, treners, bestjoerders, meiwurkers en neam se mar op.”

Foppe: ,,It beheljen fan de Champions League. Doe’t ik healwei de jierren tachtich trener fan Hearrenfean waard, hie ik wol it idee dat wy yn de rin fan de tiid nei de earedifyzje promovearje koene. Mar de Champions League? Der wie net ien dy’t dat betinke kinnen hie. By my kaam de omslach yn tinken doe’t Willem II der it jier dêrfoar yn slagge. Ik fûn ús net minder as Willem II. Alles foel dat seizoen de goede kant op. Wy hiene goede fuotballers, mar folle wichtiger wie dat it in hecht tiim wie mei in hiel soad skoarend fermogen. Alles kloppe dat seizoen.”

Abe Lenstra of Johan Cruijff?

Foppe: ,,Abe. Gjin diskusje. Wat dy man foar Hearrenfean en foar Fryslân betsjut hat, is hast net yn wurden te sizzen. Ik ha Abe fuotbaljen sjoen, yn Hearrenfean en letter ek yn Enschedé. Doe wie hy al fier yn de tritich, mar wat hy doe noch allegear koe...”

Riemer: ,,Oait hawwe der wat minsken west dy’t Johan Cruijff útroppen ha ta bêste spiler fan de tweintichste iuw. Dat wiene gjin minsken dy’t Abe Lenstra ea fuotbaljen sjoen hiene, want minsken dy’t dat wol hiene, sizze hast allegear dat Abe krekt wat mear koe. Sa stie ik der ek hiel lang yn. Oant de dei dat ik in nij boekje oan Cruijff útrikte en dêryn lies dat hy sawol fan heite- as fan memmekant Frysk bloed hat. Doe tocht ik: ‘wêr meitsje ik my eins ek drok om? It binne beide Friezen’. Dus Abe op ien of Cruijff op ien: it is my allegear bêst.”

Falt der nocht wat te winskjen?

Riemer: ,,Wy moatte neat mear, mar wolle noch wol graach. It doel wie bygelyks om fan ’t hjerst by Gertjan Verbeek en Gerald Sibon yn Austraalje te sjen. It giet oer. It is net oars.”

Foppe: ,,Wat reizgjen oanbelanget hawwe Geke en ik gjin grutte winsken. Miskien nochris in rinfakânsje yn Skotlân. It is dêr sa prachtich. Fierder wol ik besykje om it Foppe Fûns sa goed as mooglik oer te dragen. De ôfspraak is dat ik der binnen twa jier út stap, gewoan omdat it moai west hat. Mei it Foppe Fûns binne wy deryn slagge om hiel wat jongeren mei in beheining op wei te helpen. It doel wie eartiids om foaral jongeren yn Hearrenfean en omkriten te stypjen, mar al gau kamen oanfragen út hiel it lân. Yn de takomst wol it Fûns him benammen op Fryslân rjochtsje.”

Stel: jim kinne wat oerdwaan. Wat soe dat dan wêze?

Foppe: ,,De ferlerne bekerfinale yn 1997 tsjin Roda JC. Dat ferlies rekkenje ik mysels oan. De tarieding kloppe al fan gjin kant. Wy bedarren yn de nacht foar de bekerfinale yn in hotel op in bedriuweterrein yn Spijkenisse. Kealer koe net. Boppedat wiene Jon Dahl Tomasson en Igor Korneev yn de holle mear mei in transfer dwaande as mei de bekerfinale. Dêr wiene se net earlik oer, mar oan de oare kant: dat hie ik ek sjen moatten. En taktysk gie ik ek de mist yn. Ik wie allinnich mar mei myn eigen tiim dwaande, gie hielendal fan eigen krêft út. Dêrtroch koe Roda JC ús ferrasse. Alex Pastoor kaam op Gerald Sibon te stean, dat kloppe fansels fan gjin kant.”

Us pols stie altiten yn ferhâlding mei de sleat. Dêrtroch binne der noait echt hiele grutte dingen fout gongen

Riemer: ,,Us pols stie altiten yn ferhâlding mei de sleat. Dêrtroch binne der noait echt hiele grutte dingen fout gongen. Op bysaken hie it miskien soms wol wat better kinnen. Yn de persoanlike sfear hie ik hjir en dêr tink ik wol ris wat liniger wêze kinnen.”

Hoe sjocht jim Hearrenfean-alvetal aller tiden derút?

Riemer: ,,Utgeande fan in 4-4-2 systeem, mei in rút op de middenfjild, set ik Tiemen Veenstra op de goal. Rjochtsback is Denzel Dumfries, yn it midden ha ik Petter Hansson en Eddy Bosman en op links Danijel Pranjic. Eddy Bosman achteryn? Ja, dat hat er by ús wol spile. En ik woe him hiel graach yn it alvetal hawwe. Ferdigjende middenfjilder is Henk Zoetendal, rjochts mei in soad drive nei foarren Jon Dahl Tomasson, op links Hakim Ziyech en op ‘tsien’ Abe Lenstra. En dan foaryn Ruud van Nistelrooij en Klaas-Jan Huntelaar. Op de bank sitte Hans Vonk, Arek Radomski, Johan Hansma, Afonso Alves, Gerald Sibon, Marten de Roon en Jeffrey Talan.

Foppe: ,,It kies foar in 3-4-3 systeem, of miskien moatte je it wol in 3-2-2-3 systeem neame. Op de goal ha ik Hans Vonk. De trije ferdigeners fan rjochts ôf binne Jerry de Jong, Petter Hansson en Danijel Pranjic. Dêrfoar spilet Henk Zoetendal fan rjochts en Arek Radomski fan links. Abe is linksbinnen en ek achter de spitsen spilet Tomasson. Foaryn fan rjochts ôf: Jeffrey Talan, Ruud van Nistelrooij en Afonso Alves. Hearrenfean hat yn de rin fan de jierren hiel wat goede fuotballers hân, benammen foaryn. Sa maklik wie it dus net om te kiezen. Op de bank dizze sân man: Tiemen Veenstra, Wiebe de Jong, Johan Hansma, Eddy Bosman, Daniël Jensen, Germ Hofma en Markus Allbäck.”

As jimme der in pear moaie wedstriden úthelje meie, hokker wedstriden binne dat dan?

Foppe: ,,De earste is de kwartfinale yn de beker yn febrewaris 1993 tsjin PSV. Wy spilen yn de earste difyzje en PSV wie in topklup en kaam mei alle kopstikken ús kant op. Nei ferlinging wûnen wy mei 2-1, winnende goal Marco Roelofsen. Wat in leven makken de minsken dy jûns. Yn it skoft song André van Duin op it fjild syn karnavalskreaker Pizza en yn de klaaikeamers koene wy inoar hast net ferstean. Fierder is fansels de bekerfinale datselde jier tsjin Ajax legendarysk, mei de goal op it lêst fan Camataru. Noait ferjitte sil ik ek de 1-0 oerwinning thús yn de Champions League tsjin Olympiakos Piraeus. Wat spilen wy dy jûn goed.”

Riemer: ,,De thúswedstryd tsjin FC Den Bosch op 7 maaie 2000. Ik fyn dat je fuotbal los sjen moatte fan jild, mar dy deis seach ik wol nei de beurs. It waard 1-1 en mei dat punt wiene wy net allinnich wis fan de Champions League mar ek wis fan 16 miljoen gûne. Fierder tink ik oan de thúswedstryd yn septimber 1991 tsjin AZ. It waard nei in geweldich spektakelstik 5-4 foar ús. Mar nei ôfrin tocht ik ‘wat spitich dat it net in lykspul wurden is’. AZ hie dy jûns wol in punt fertsjinne.”

Wêr stiet Hearrenfean yn 2050?

Foppe: ,,Yn ús tiid hat de klup geweldige sprongen foarút makke. Ik leau net dat soks yn de kommende trittich jier nochris barre sil. Mar as it fuotballân-skip bliuwt sa’t it no is, dan ferwachtsje ik dat Hearrenfean - as elk him der goed foar ynset - ek yn 2050 noch op dit nivo spilet.”

Riemer: ,,Ik hoopje en gean derfan út dat de klup de namme fan Abe dan noch heech yn it findel draacht. Want mei Abe is alles begûn. Fierder tink it dat it dreech wurdt om op it dit nivo aktyf te bliuwen. Al jierren draait de klup mei in operasjoneel ferlies en as dat normaal wurdt en ek akseptearre wurdt dan sjoch ik grutte problemen oankommen. It bestjut dat je hieltyd spilers ferkeapje moatte en dêrmei wurdt it alvetal minder. Ik fyn dat der oar belied komme moat, mei in gruttere rol foar leafhawwers en frijwilligers mei ferstân fan saken.”

As ik dea gean dan wol ik...

Riemer: ,,Mei dy fraach hâld ik my noait dwaande. As jonge is my ferteld dat wy minsken net it ivige libben hawwe. Dêr moast ik doe efkes oan wenne, mar ik ha it akseptearre. Om it yn Foppe syn wurden te sizzen: ‘it is sa’t it is’.”

Ik hoopje dat ien fan ús pake- en beppesizzers by myn útfeart sizze sil: ‘pake hat it goed dien’

Foppe: ,,Net te folle drokte. Ik hoopje dat ien fan ús pake- en beppesizzers by myn útfeart sizze sil: ‘pake hat it goed dien’.”

Nieuws

menu