De feehâlder mient oan oare kant brêge streken op it iis te sjen. It sil heve. Wy sille en moatte reedride

Op sleatten, marren, ûnderrûne stikken lân, iisbanen, puollen en kanalen: as kij dy’t yn de maitiid healwiis dûnsjend in earste kear de greiden ynfleane, sa stowe wy heal febrewaris manmachtich it iis op.

Dronefoto fan de Tsjûkemar. Under De Ulesprong, it strântsje oan de A6 tusken De Jouwer en De Lemmer op 'e hichte fan Sint Nyk.

Dronefoto fan de Tsjûkemar. Under De Ulesprong, it strântsje oan de A6 tusken De Jouwer en De Lemmer op 'e hichte fan Sint Nyk. Foto: ANP

Dat dat iis somtiden mear wei hat fan fersliten beton as fan beferzen wetter kin ús neat skele. Wy sille en moatte reedride. Op paad nei. Ja. Op paad nei wat eins?

Nieuws

menu