Dit artikel is vandaag gratis

Kaatsjournalist Jan Braaksma (71) uit Franeker: 'As ik beliedsbepaler fan it keatsbûn wie, dan die ik gjin each mear ticht'

It keatsen is foar Jan Braaksma in firus dat noch slimmer is as koroana, want fan in keatsfirus komme je noait wer ôf. Foto: Henk Bootsma

Yn de rubryk Hoogst persoonlijk alle wiken in petear mei in persoan út it Fryske sportlibben. Yn ôflevering 92: keatssjoernalist Jan Braaksma. Hy hat 71 streekjes efter syn namme en wennet sûnt 1974 yn Frjentsjer. Wurke in grut part fan syn libben by de fiskus en wie tuskentroch drok - sis mar hiel drok - mei it keatsen.

Dêroer seit er sels: ‘It keatsen hat my in hiel soad brocht, mar ik bin der ek in soad troh kwytrekke’. It keatsen is foar Jan Braaksma in firus dat noch slimmer is as koroana, want fan in keatsfirus komme je noait wer ôf. Fierder is Jan Braaksma in samler yn de breedste sin fan it wurd. Fan postzegels, sportboeken (foaral âlde), fan lânbou-miniatueren, fan âlde gewichten, koper en oare saken dy’t mei eartiids te krijen hawwe. Kringloopwinkels binne foar him in paradys. Koartsein: Jan Braaksma komt tiid te koart.

Hoe soene jo jesels yn ien of twa sinnen omskriuwe wolle?

„In hurde wurker mei in bytsje geduld dy’t fan in oar feitlik itselde easket as wat ik sels altyd foar eagen hie en noch haw. Ik bûch net mei nei links en ik bûch net mei nei rjochts. Ik bin in einzelgänger !”

In sitbal of boppeslach?

„Ik kin hiel bliid wurde fan in prachtige sitbal, mar ik wurd euforysk fan in geweldige boppeslach. Sa’t Taeke Triemstra in bal reitsje kin... Dan is myn dei op it keatsfjild al slagge. Ik fyn dat keunst.”

Mei hokker BN’er soene je wol in wike ruilje wolle?

„Dêr kin ik koart yn wêze: mei net ien!”

Wat is jo bêste eigenskip?

,,Ik sil myn prinsipes nea oan de kant sette. Dat hat in priis… mar ik bin net te keap!”

It moaiste plakje fan Fryslân?

„Ik kom graach yn it Frysk Drintse Wold. It folk is iepen en rjochtút. Ik hâld fan de stilte en dy is dêr hiel bot te finen. Ik kin my allinne hiel goed fermeitsje en haw der net folle by nedich.”

Favoryt boek ?

„Ik haw krekt in boek krigen oer Alfredo Di Stefano, de fuotballer dy’t grut wurden is by Real Madrid. It is Ingelstalich, mar bêst te dwaan. It wie ien fan myn helden doe’t ik jong wie. Prachtich alvetal dat Real Madrid, mei de blonde sloper Santamaria dy’t mei Gento de iennichste is dy’t noch libbet fan dat grutte tiim fan eartiids. Ik bin gjin man fan foto’s, mar it Real Madrid fan de gloarjejierren 1955-1960 hinget by my op kantoar.”

Hearrenfean of Cambuur?

„Ik tink dat ik tichter by Cambuur stean. Safolle klappen krije en dochs altyd wer oereinkomme. Troch myn wurk haw ik wolris yn de keuken fan Cambuur sjen kinnen en dan is it hiel knap dat se no stean dêr’t se stean.”

Wat is jo minste eigenskip?

„Gjin geduld hawwe! As der wat barre moat, dan moat dat daliks! Dat is lêstich foar my sels en ek foar myn omjouwing! As it moat wurkje ik de nacht troch.”

Bewûndering foar...?

„Ik bin net sa gau kapot fan ien of oar minske! Joop den Uyl fûn ik in moaie man. Sa yntelligint en hoe’t hy der bytiden by rûn… moai dochs! Ik wie yn myn jongere jierren lid fan syn partij en haw him in kear moete! Prachtige man en sa gewoan!”

Grutste blunder?

„Te hurd ride dêr’t it net mei! It hat my hast in auto koste…! Mar is dat in blunder?”

It ledetal fan it keatsbûn is sakke ûnder de tsientûzen. Wurdt der oer tsien jier noch wol keatst?

„As ik beliedsbepaler fan it keatsbûn wie, dan die ik gjin each mear ticht. De ramp is folle grutter as de goegemeente tinkt. Rom 75 prosint fan de hjoeddeiske leden is boppe de sechstich! Dêr hear ik ek by. Dizze leden binne allegearre dwaande mei de lêste siden fan it boek. Der giet allinne mar ôf en der komt net folle mear by. It kostet it bûn in smak sinten as de delgong trochgiet. Ik tink - en ik gean der fanút - dat der oer tsien jier noch wol keatst wurdt, mar net mear sa’t it no giet. De trochinoarlotterspartijen moatte fan de list ôf. De frijeformaasje wedstriden sille der altyd bliuwe en der moatte dochs ek bestjoerders komme dy’t sels hikke en tein binne yn de keatswrâld. It is al jierren fan ‘ons kent ons’ en dat sil perfoarst feroarje moatte. Oars soe de wâl it skip wolris keare kinne. ”

Wat (hast) nimmen fan my wit is...

„Dat moat moai sa bliuwe. Alles witte makket in minske net gelokkich. Eartiids woe ik graach alles witte. No net mear!”

Welke lannen komme der yn de EK-finale te stean en wat wurdt de útslach?

,,It kin noch alle kanten op. Ik jou Itaalje, Dútslân, Frankryk en dochs ek Portugal in hiele goeie kâns om fierder te kommen. Nederlân komt te koart. Spitich, mar it is net oars!”

Nieuws

Meest gelezen