Fierljepper Ysbrand Galama kijkt uit naar 'thuiswedstrijd' en start fierljepseizoen in It Heidenskip: ,,Ik hoopje dat it publyk wolkom is”

In de kleedkamer van het Friesch Dagblad zitten acht mensen uit de Friese sportwereld. Elke week is het de beurt aan een van hen om er iets in die sportwereld uit te lichten. Vandaag: Ysbrand Galama uit It Heidenskip. Vice- Nederlands kampioen fierljeppen en weidevogelonderzoeker. Woonachtig in Workum.

Ysbrand Galema juicht tijdens een fierljepwedstrijd.

Ysbrand Galema juicht tijdens een fierljepwedstrijd. Foto: Dijks Fotografie

Goeie Ysbrand, woansdei kinsto wer los!

,,En fuortendaliks in thúswedstriid. Ik sjoch der nei út. Ik hoopje dat it publyk wolkom is yn It Heidenskip.”

Foar safier’t ik wit meie der sneon wer taskôgers by sportwedstriden komme, dus ik tink dat dat wol goed komt. Do bist in publykspringer fansels.

,,Publyk is diel fan ‘e totale ûnderfining by it fierljeppen en ik spring leaver foar in publyk dan foar in lege wâl.”

Wat foar seizoen sil it wurde?

,,Ik moat earlik sizze dat it foar my ek in grutte ferrassing is hoe’t elkenien der op stiet. Ik ha hast net ien springen sjoen, al tink ik net dat der in soad feroare is ast it fergeliket mei ferline jier. It giet wol wat troch. De grutste wedstriden steane yn septimber op ‘e aginda. Dat is spitich, want it falt bûten it fakânsjeseizoen. Mar ik snap it ek wol wer. En op it ein binne de measten op har bêst.”

Hoe sit it mei dy?

,,Myn twallingbroer Oane en ik hawwe de hiele winter mei-inoar traind. Dat gie poerbêst, oant ik yn april blesseare rekke oan de rêch. De pine strielde út nei de fuorten. Ik koe net iens hurddrave, want dan luts it yn myn bilspier. Ik fielde my dea-ûngelokkich.”

Hernia?

,,It binne wol wat de symptoamen, al tink ik dat it wol wat t falt. Ik haw trije wiken lyn pas foar it earst wer in sprong makke. Ik wie bliid dat de earste wedstryd nei 30 juni waard ferskood, want dat joech my wat ekstra tiid om my ta te rieden op it seizoen. En om wer yn ‘e pols te klimmen joech in kick. Ik kom út in goed seizoen, mar fiel dat der dit jier noch wol mear yn sit.”

Hoe fielt in sportman dat?

,,Ik ha spesifyk traind op ‘e oanrin en ek letten op myn mindset. Ik fiel dat ik nog fierder springe kin as ferline jier. Fierder is dit wol in jier fol fragen. Ik ha gjin idee hoe’t de oare ljeppers der op steane en dat sille sy ek oer my tinke. It kin twa kanten út. Of it begjint rêstich of it wurdt fuortendaliks fjoerwurk.”

Nije wike sneon is wedstryd twa. Mar hoopje dat Nederlân snein net wint fan Tsjechië op it EK, tink?

,,Och heden, fuotbalje sy oars tagelyk mei ús wedstryd yn Bûtenpost?”

Kloppet.

,,No ja, earst mar ris winne fan Tsjechië. Sa bêst is it allegearre noch net at ik de ferhalen sa hear.”

Folgest it EK ek wat op ’e tillevyzje?

,,Ik ha gjin tillevyzje.”

Dan wurdt it dreech.

,,Gelokkich is de radio der ek noch. Dan mei ik it der graach efkes op sette. Moarn begjint ek de Tour de France, dat is altyd moai. Dan krij ik sa’n nostalgysk simmergefoel. De finale fan in etappe falt spitigernôch hast altyd tagelyk mei it melken, mar ik ha de radio mei yn ‘e melkput en sa kin ik it dochs folgje.”

Ik ken minsken dy’t in hiele stereo-ynstallaasje yn ‘e melkput ha.

,,Dat wol ik ek wol, haha. Al moat it ek gjin diskoteek wurde fansels.”