Yn april 2024 ferskynt it Frysktalige libbensferhaal fan Johannes Brandsma: ‘By myn berte seine heit en mem: wy kinne wol ophâlde, better krije wy net’
Yn april 2024 ferskynt it Frysktalige libbensferhaal De Brand. Dêryn fertelt Edward Jorna it bysûndere ferhaal fan it libben fan de freed ferstoarne âld-topkeatser Johannes Brandsma. Sûnt novimber 2021 kamen se mear as tritich kear by elkoar, makken se in ‘rûnreis’ troch Seisbierrum en giene se in wykein nei België. As yn febrewaris fan dit jier bliken docht dat Johannes Brandsma slim siik is, beslút de biograaf om net pas yn maaie fan dit jier te begjinnen mar fuortendaliks. Hjirûnder in ynkoart stik fan haadstik trije.

De famylje Brandsma yn 1966. Boppe Pieter en Lieuwe (rjochts). Under heit Johannes en mem Anna en dêr tuskenyn Johannes. Foto: Foto: Argyf Johannes Brandsma
Woansdei 23 oktober 1957. Drûch, om de tsien graden hinne en de hiele dei bewolkt. Seisbierrum giet nei skoalle, oan it wurk, docht de húshâlding. In dei as alle oare dagen. Utsein foar de Brandsma’s oan de Sixtuswei 17 yn Seisbierrum. Johannes en Anna hawwe dy moarns in tredden-ien krigen en no, it is oan de ein fan de middei, is it in kommen en gean fan minsken dy’t efkes de holle om de hoeke stekke.