Ate de Jong op het kaatsveld van Jellum.

Keatsjournalist en aktivist Ate de Jong: It giet altyd om sportiviteit. Yn de sport, yn de polityk - oeral

Ate de Jong op het kaatsveld van Jellum. Foto: Jaap Schaaf

Hy hat in hekel oan dûmny’s en oar folk dat it minskdom de wet stelt. Nuver dus, sa seit er, dat hysels somtiden as in dûmny preket. Ate de Jong (70): oer in parsekaart yn de kontbûse, oer Hotze dy’t eins noch libbet, oer it fladderjen fan Tjisse Steenstra en oer - toe dan mar - koroana.

It is mids febrewaris as Ate de Jong, skriuwer fan tal fan ferhalen en boeken oer it keatsen en boppe alles leafhawwer fan it spultsje, in appke stjoerd mei dêroan taheakke in foto fan syn earste parsekaart. Ik beweech mei tomme en wiisfinger oer it skerm en sjoch en lês: ‘PERSKAART. De redactie van de FRANEKER COURANT deelt mee dat de Heer Ate J. de Jong te Idzerdaleane 8, Weidum, werkzaam is als verslaggever voor kaatspartijen en andere gelegenheden. Geldigheidsduur van deze kaart: 31 december 1969’.

‘Ik wie op ’e sneup yn âlde papieren. Dit wie ’m. Myn earste parsekaart’, sa skriuwt Ate yn it appke. ‘Ik koe yn ús petear de goede wurden net fine. Guon jonkjes sliepe mei de fuotbalskuon yn bêd of mei de keatsmof ûnder it kessen. Sa fielde ik my doe’t ik dizze kaart yn de kontbûse hie. Hoi!’

In pear dagen earder hie ik by him west. Hie der oanlieding ta west? Sjoernalistyk besjoen miskien net. Mar der wiene twa redenen wêrom’t ik wolris prate woe. Op it foarste plak omdatst him, as besiker fan haadklassepartijen, úttekenje kinst: sittend op in bankje, de skonken oer inoar hinne en fan tiid ta tiid mei in sigaret yn de hân. En twads omdat hy jierren ferlyn mei in prachtich antwurd kaam op myn fraach oft hy foar It Deiblêd de keatsferslachjouwerij dwaan woe. ‘Nee’, sei er. ‘Ik bin tefolle in romantikus.’

Dêrom hie ik dus, op in tiisdeitemoarn dat it reinde dat it miigde, yn Mantgum by him sitten. „Hast wol genôch foar in moai ferhaal? Hie ’k genôch te sizzen?”, hie hy frege doe’t ik goed twa oeren letter de doar útstapte. De fraach fernuvere my eins net iens. Wy hiene it oer in soad dingen hân, in soad dingen ek dy’t neat mei keatsen út te stean hawwe. ‘Ik rêd my der wol mei’, hie ik sein.

Njoggen bern

As sânde fan njoggen bern groeit Ate de Jong net fier fan syn hjoeddeistige wenplak op: yn Weidum. Heit is sentrifugist op it molkfabryk op ’t Wiel, it buorskip tusken Weidum en it twillingdoarp Jellum-Bears. Mei syn earste frou, dy’t al jong komt te ferstjerren, krijt er fjouwer bern. Ate is de middelste út heit syn twadde houlik. Oerdreaun sportyf is de arbeidershúshâlding net. Andries en Ate keatse, dat is it wol sa’n bytsje.

Dêrmei is oars ek alles sein oer de sportive ferliking tusken beide jonges. Dêr’t Andries it talint en de priiskeatser is - hy wint mei Oebele Anema en Dirk Talsma yn 1963 ûnder oaren de Jong Nederlân - dêr moat Ate it foaral fan syn entûsjasme hawwe. Op ledepartijen kinst him der wol by hawwe, mar heger-op is hy gewoanwei tredde maat.

„Ik wie al bliid mei in keats by de middelline en myn opslach hold ek net oer. Mar ik fûn it wol prachtich om te dwaan en ik wie sa fanatyk as wat.” As jonkje dreamt er fan in kast fol moaie prizen, mar Ate krijt al gau foar it ferstân dat soks foar him net weilein is. Dochs komt de dei dat er belibje mei hoe’t echte keats-toppers har fiele. „It wie earne yn de Lytse Bouhoeke dat ik, foaral troch it goede wurk fan my maten, de priis wûn. Mei de krâns om de nekke fytste ik dy simmerske jûn, wylst de sinne hieltyd mear sakke, oer alle lytse doarpkes nei Weidum werom. Sa bliid as in protter. It bleau lyk-wols by dy iene kear.”


By my kin de Freule it ek lang net by de PC helje. Ik wit dat der in soad minsken oars oer tinke, dy fine it jongeskeatsen prachtich. Mar ik ha der net it measte mei

Syn grutste teloarstelling op it keatsfjild leit op dat stuit al efter him. It is op de Freule fan 1967 dat Ate mei syn beide maten Ritske de Graaf en Siebe Swierstra yn de tredde omloop tsjin Henk Laanstra, Meile Zijlstra en Douwe Beimers fan OKK Bitgum moatte. De Weidumer jonges fan Nije Kriich sille gjin kâns meitsje, sa is de foarsizzing, want de Bitgumers hearre by de absolute toppartoeren.

Mar it rint oars. De Weidumers hawwe de gong der al gau goed yn en de Bitgumers keatse foaral tsjin harsels. En sa komt der in stân fan fjouwer-om-de-twa en seis-gelyk, yn it foardiel fan Weidum, oan de tillegraaf te hingjen. Je kinne in spjelde fallen hearre as Douwe Beimers, yn de wittenskip dat de Bitgumers in skytkeats te ferdigenjen hawwe, syn oanrin nimt.

Twa tellen letter sakket de grûn ûnder de fuotten fan Ate de Jong wei. De bal hie bûten west, mar Ate hat der yn it foarperk op slein. It wurdt fjouwer-om-de-trije yn plak fan fiif-om-de-twa. No sette de Bitgumers troch en se ferslaan net allinnich Weidum mar winne ek de Freulepartij. „Net dat wy oars dy deis de Freule wûn hiene, sa goed wiene wy net. Mar ik ha der wol in lyts trauma fan oerholden. Dat gie safier dat ik oant goed tsien jier ferlyn nea wer op dy ferrekte Freule west ha. By my kin de Freule it ek lang net by de PC helje. Ik wit dat der in soad minsken oars oer tinke, dy fine it jongeskeatsen prachtich. Mar ik ha der net it measte mei. It sil komme omdat ik der gjin skiednis mei opboud ha.”

Foar sjoernalist berne

Syn earste PC is dy fan 1965 dêr’t Hein Zijlstra, Martinus Santema en Gerrit Langerak it yn de finale mei ‘alles aan de hang’ winne fan it favorite partoer fan Tamme Velstra, Hotze Schuil en Dirk Talsma. Hein Zijlstra makket de partij mei in sitbal út en wurdt kening. Ate hie op it Sjûkelân twa pear eagen nedich hân. Ien pear om te sjen wat der op it fjild bart en it oare pear foar in blik op de parsetribune, dêr’t de sjoernalisten drok oan it skriuwen binne. Sels keatse op de PC, dat sit der foar Ate net yn. Mar wat soe er ek ferhipte graach oer dat keatsen skriuwe wolle.

Yn wêzen is er foar sjoernalist berne. De nijsgjirrigens, it oer dingen neitinke en it skriuwen: it sit yn syn bloed. „As jonkje lies ik Pietje Bell in Amerika. Pietje waard dêr sjoernalist en doe wist ik it seker: dat woe ik ek wurde. De oare deis fertelde ik it master Gerrit Mulder. Dy sei: ‘Dat komt moai út. Do kinst hjoed wol begjinne’. En sa kaam ik by de redaksje fan de skoalkrante.”


Us mem hat my noait echt stean sjoen. Hoe geweldich is it dan datst in skoalmaster hast dy’t dat wol docht. Ik ha master Mulder myn hiele libben lang tankber west

Hy hat it ferhaal faak ferteld. „En oant in pear jier ferlyn noait sûnder triennen. „Us mem hat my noait echt stean sjoen. Hoe geweldich is it dan datst in skoalmaster hast dy’t dat wol docht. Ik ha master Mulder myn hiele libben lang tankber west.”

En dan giet it hurd mei syn ‘karriêre’. Hy wurdt foar de Baarderadeel Krant korrespondint foar Weidum en omkriten en sa rekket er ek yn it fizier fan Sip Oosterhof fan Easterlittens, de grutte man fan de keatsfer-slachjouwerij yn de Franeker Courant. Ate wit net hoe fluch oft er ‘ja’ sizze moat as Oosterhof him freget om him op te folgjen. „In snotneus wie ik noch mar en ik skreau al foar de Frentsjerter Krante. Dé keatskrante doedestiids.”

Net iens folle letter rint er op It Hearrenfean ek al om op de redaksje fan de Friese Koerier. Hy is by de progressive ‘reade krante’ de lêste sjoernalist dy’t troch haadredakteur Laurens ten Cate foar fêst oannaam wurdt. „It hat neat om de hakken, mar dat lêste mei ik der graach by fertelle.” Ein 1969 giet de Friese Koerier op yn de Leeuwarder Courant.

Earder as er tinke kinnen hie, hat er syn dream wiermakke. Hy is sjoernalist. Sels keatse is der no hast net mear by, mar foardat er de want opburgen hat krijt er fan Willem Hiemstra fan St. Anne noch wol in wichtich stikje noarmbesef mei. Willem is in baas keatser en alles mei de bleate hân. En boppedat in sympatyk man. Dat blykt wol as er Ate as maat kriget en dy yn it tuskenspul finaal by de bal trochslacht. „Ik baalde ferskriklik fansels. Mar Willem sei: ‘Kinst neat oan dwaan jonge, aansens better’.” Ate sil de wurden noait ferjitte. „It hat gjin sin en jou in maat dy’t in fout makket nochris in tik mei. It is folle better en bliuw in bytsje posityf.”

De oare kant op yn it libben

Hoe wiis en grutsk hy der ek op is dat er no sjoernalist is; dochs sil syn libben de oare kant opgean. It be-gjint dermei dat de pasifist Ate de Jong tsjinstwegeret en gjin ferfangend wurk dwaan wol omdat soks ek ûnder Definsje fâlt. Haadredakteur Eddy Evenhuis spuit yn syn haadartikel yn de Ljouwerter Krante raar guod oer Ate hinne en dêrmei is de lol der foar Ate - dy’t letter foar it tsjinstwegerjen fjirtjin dagen sitte sil - wol ôf. Hy lûkt him werom út de krantewrâld.


Foto: Hoge Noorden/Jaap Schaaf

It is efternei besjoen miskien net iens sa ferrassend. Al langer fynt er dat je sjoernalist in doel tsjinje moatte. Hy fynt it te min yn syn wurk werom. „Ik ha in hekel oan dûmny’s, mar tagelyk ha ik altiten wat fan in dûmny yn my hân.” Ate giet de maatskiplike kant op, de ‘linkseftige’ kant. Hy wol de hannen út de bûsen stekke en begjint in karriêre as ‘aktivist’ by it Frysk Anti-Faksisme Komitee en letter (1983) as direkteur fan it antydiskriminaasjeburo Tûmba. Yn 2013 giet er mei pensjoen, mar it aksjefieren bliuwt der ynsitten. Soms tinkt er, ‘miskien moat ik it gean litte’. Mar as dan de hiele swartepitediskusje wer op ’en nij begjint en hy merkt dat de lytse groep tsjinstanners wer it swijen oplein wurdt om de ienfâldige reden fan ‘tradysje’, dan kin er it net litte. Hy skriuwt in brief nei de krante en stipet de demonstranten troch der sels tusken stean te gean.

Ate de skriuwer

It keatsen folget er yn al dy jierren mei ups en downs. Skriuwe oer keatsen docht er út en troch wol. Tegearre mei keatshistoarikus Jan Braaksma fan Frentsjer skriuwt er it boek Sifers foar in simmertwirre dat yn 1992 útjûn wurdt op it stuit dat Piet Jetze Faber de nûmer ien posysje yn it punteklassemint aller tiden fan Hotze Schuil oernimt. Fierder wurket er mei oan De Fiifde Woansdei (2014), it jubileumboek dat útbrocht wurdt by it 150-jierrich bestean fan de PC. Ek skriuwt er ferhalen foar de website kaatsen.nl en foar Alles aan de hang, it lúkse programmaboekje fan de PC.

Fierder skriuwt Ate, dy’t tsjintwurdich benammen bekend is fanwege syn wyklikse koarte kollum STILeven yn de Huis-aan-Huis kranten, tegearre mei syn (lear)master Gerrit Mulder it jubileumboek by it 75-jierrich bestean fan keatsferiening Nije Kriich (1995). En dan skriuwt er tuskentroch ek noch it boek Op ’e tribune. „Yn dat boekje stean myn memoarjes. Alles wat ik wichtich fyn yn it libben stiet yn dizze 63 blêdsiden: keatsen, arbeiders, solidariteit, bern net kliere, katten.”


As se my in romantyske skriuwer fine yn de sin fan dat it leaver oer de positive kanten fan de minske ha, dan kloppet dat. Dat doch ik it leafst

Hy neamt himsels, as er nei it keatsen sjocht, in romantikus. Gauris gean de tinzen mei him op ’e rin. Mar it is in grut fersin as minsken him as skriuwer in romantikus neame. „In romantyske skriuwer, lykas Hylke Speerstra, struit yn myn beleving in rôze glazueren laachje oer de werklikheid hinne. As minsken fine dat ik dat doch, dan soe ik dat hiel slim fine. Mar as se my in romantyske skriuwer fine yn de sin fan dat it leaver oer de positive kanten fan de minske ha, dan kloppet dat. Dat doch ik it leafst. Mar ik meitsje de ferhalen noait moaier as dat se binne.”

Macht en patriarchy

Hy seach yn de ôfrûne oardel ieu in leger oan keatsers foar syn eagen foarbygean. Foar Ate springe der fjouwer út: Hotze Schuil, Piet Jetze Faber, Johannes van Dijk en Tjisse Steenstra. „Ik fal foar hiel ferskillende typen keatsers”, laket er.

Hotze seach er foar it earst op de PC fan 1965, lykas earder neamd wie it Ate syn earste PC. „Hotze wie doe al op jierren en al lang net mear de bêste fan it stel. Mar yn syn hiele dwaan en litten wie er noch wol in topper. Wat sûnder mis meispile hat wie dat Hotze op ús heit Haye like. Net allinnich kwa postuer en yn it gesicht, mar ek hoe’t se beide as minsk yn it libben stiene. Sa links as út heit wie Hotze net en Hotze wie polityk ek folle minder belutsen. Mar as arbeiders woene se wol mei respekt behannele wurde.

En krekt dat krige Hotze, noch wol op de moaiste dei fan it jier, neffens Ate fierstente min. „Ik ha oait ris skreaun: jo hoege Hotze net nei de eagen te sjen - dat koe foar de measte minsken ek al min omdat Hotze twa-meter-twa wie - mar hy ferwachtet wol respekt. En krekt fan de PC hat hy dat nea krigen. Ek nei syn karriêre net.”


Jo hoege Hotze net nei de eagen te sjen - dat koe foar de measte minsken ek al min omdat Hotze twa-meter-twa wie - mar hy ferwachtet wol respekt

Ate kin oerenlang oer Hotze ferhelje. Oer hoe’t Hotze op wei nei it Sjûkelân, as ien fan de winners fan it jier dêrfoar, yn de koets de jiske fan syn sigret slacht. „In lyts, mar krêftich gebeart rjochting dy hiele poppekast. Benamme foarsitter Ulbe Hannema hat him nea stean sjoen. Ik ha it der mei Hotze oer hân. ‘Ate’, sei er. ‘Se sjogge je stean, se hawwe je fiif minuten nedich, mar dêrnei bestietst de hiele dei net mear foar de hearen.’ Dêr koe hy sa ferskriklik min oer en ik begriep dat wol. It hat mei autoritêre mannen, mei macht en mei patriarchy út te stean. Praat my der net fan.”

Sa waard Ate dielgenoat fan it libben fan de man dy’t yn 2000 útroppen waard ta keatser fan de tweintichste ieu. „Op in dei sei ik tsjin Hotze; ‘ik wol dyn In memoriam skriuwe.’ ‘Komt neat fan yn’, sei er. ‘Ik bin noch net dea.’ ‘No’, sei ik. ‘Dat is Prins Bernhard ek net, mar leau mar dat sines oeral al klearlizze. Dat, sil ik him mar skriuwe?’ En ik ha him makke. Hotze Schuil 1924 - 2005. Keningkeatser fan ’e Tweintichste Ieu. Hotze hat it noch lêzen en doe’t er yn 2005 stoar is de tekst de kiste mei yngien.”

De lêste pear sinnen giene sa: ‘Sa lang as wy de ferhalen oer Hotze noch fertelle is hy net fuort, is hy net dea. Dat is in soarte fan treast. En dy ferhalen oer Hotze Schuil, de kening fan de tweintichste ieu, nimme wy noch lang mei de 21e ieu yn. En dy ieu is no begûn.’ „Foar myn gefoel wie dat ek echt sa.”

Oer Piet Jetze, Johannes en Tjisse

Sa’t Hotze Hotze is, sa jildt dat ek foar Piet Jetze Faber, foar Johannes van Dijk en foar syn hjoeddeistige favoryt Tjisse Steenstra. „De PC-dichter skreau oer Piet Jetze: ‘as in sêfte simmertwirre giesto oer it Sjûkelân’. Dat fûn ik sa moai sein. Piet Jetze. In evenredige, wat stille jonge mei dat prachtige lange hier fan him. Ynnimmend. Idel ek. Mar noait oerdreaun.”


Nei myn idee wiene it alle fjouwer mannen dy’t de keuzes makken dy’t ik ek meitsje soe en dy’t altiten earlike ferhalen ferteld hawwe

Net te ferlykjen mei Johannes van Dijk. ,,In beest yn it fjild.” Mar dan wol wer in bytsje mei Tjisse Steenstra. ,,It is sa’n flarde en dan dochs sa ferwoestend opslaan en úthelje kinne. Dat fyn ik prachtich.” Hy hie en hat mei alle fjouwer goed kontakt (hân). ,,Nei myn idee wiene it alle fjouwer mannen dy’t de keuzes makken dy’t ik ek meitsje soe en dy’t altiten earlike ferhalen ferteld hawwe.”

Lykas mei Hotze kin er as er Tjisse keatsen sjocht yn syn tinzen fuortdreame. ,,In ranke en en in wat kwetsbere jonge. Hy hat wat nayfs oer him, inselde soarte fan naïvens dy’t Cambuur-trener Henk de Jong ek hat. Dat rekket my. Ik hâld fan sokke minsken. Dêrom gun ik it Tjisse ek sa dat er de PC in kear wint. Ik tink dat it helpt as ik dat hoopje. En dus hat it ek sin dat ik nei de PC ta gean.”

It is mar in spultsje

Under gewoane omstannichheden hie it haadklassekeatsen it wykein útein set. Mar ja: koroana. Ate de Jong sil lykas elkenien geduld dwaan moatte. De wrâld is as in skiep dat yn ûnmacht leit. It is wraksjelen. Yn it slimste gefal rêdt it skiep it net op. Yn it slimste gefal wurdt der dizze hiele simmer net keatst.

Ate de Jong nimt in haal fan syn sigaret. „De PC is fansels de moaiste dei fan jier. Mar fierders fyn ik it keatsen nochal betreklik. It is mar in spultsje. Dat alles stil leit is ferfelend. Mar gjin ramp.”

As ik doar al heal útstapt bin hear ik achter my Ate ‘ho!’ sizzen. „Einliks”, sa seit er. „giet it altyd om sportiviteit. Yn de sport, yn de polityk - oeral.”