‘De PC is net woke. Mar wy binne wol wekker’. Dit is de resepsjetaspraak fan PC-foarsitter Ids Hellinga

Woansdei 3 augustus wurdt de 169e PC ferkeatst. Dit is de resepsjetaspraak fan PC-foarsitter Ids Hellinga sa’t hy dy dizze dei fan 8.00 ûre ôf yn it Frentsjerter teater De Koornbeurs útspruts. „De PC is net woke, mar wy binne wol wekker.”

PC-foarsitter Ids Hellinga

PC-foarsitter Ids Hellinga Foto: Edward Jorna

„Einliks wer in normale PC. It binne wurden dy’t de ôfrûne wiken faak útsprutsen binne. We binne optein, dat we wer in PC sûnder beheiningen belibje meie. In normale PC, we wiene der ek wol wer ris oan ta. Nei de Corona PC fan ferline jier, gjin PC in 2020, de ûntrommings-PC troch ekstreem waar yn 2019 en yn 2017 mei de ‘roadblocks’ op ‘e Sjaerdemastrjitte troch in drieging fan terrorisme. Omstandichheden dy’t miskyn wol it ferhaal fertelle fan it tiidrak weryn’t we libje.

En ek hjoed belibje wy de PC yn in dekôr fan in oarloch binnen de grinzen fan ús kontinint. En yn ús eigen lân, it tryste byld fan flagen op ‘e kop. Us symboal fan ferbining is in symboal fan tsjinstellings wurden. Polarisaasje leit no as in tekken fan dize oer ús lân.

En sa freonen, streamt der op ‘e nij in jier wer troch ús ieren hinne. In jier faaks om gau te ferjitten, mar fêst ek mei mominten om te koesterjen. En mei it koartsjen fan ús dagen en it tanimmen fan ús soarch, is der altyd wer in nije moarn. In nije moarn om efter ús te litten wat west hat. In nije moarn, hjoed frijlitten troch de acht slagen fan de Martinitoer. As prelude fan ferwachting fan wat dizze dei ús bringe sil.

Nieuws

menu