Wat Pieter Weening yn ’e kop hie, hie er net yn ’e kont

Pieter Weening (De Harkema, 5 april 1981) heart ta de grutste Fryske sporters ea. Yn novimber sette de hurdfytser in punt efter syn profesjonele karriêre. In weromblik. Yn eigen wurden. Dus yn syn memmetaal.

2005. Nei de winst yn de Touretappe. Foto: ANP

2005. Nei de winst yn de Touretappe. Foto: ANP ANP

Dit ferhaal bestiet út trettjin koarte en langere haadstikken. Se steane foar de trettjin grutste yndividuele oerwinnings dy’t Pieter Weening behelle yn de santjin jier dat hy beropshurdfytser wie. En it stiet foar de trettjin letters fan syn namme.

1. In hûs fol bern

,,Wy wiene mei ús tsienen thús, heit en mem net meirekkene. Mei safolle bern rûnen wy der op it doarp út, mar dat ha ik noait sa field. Foar my wie it hiel gewoan. Ik wie de fjirde fan it stel en hie in soad oan ús Eddy, dy’t krekt wat âlder is. Ik wit net better as dat wy altiten bûten wiene. In hut bouwe yn in beam. Fytse op de sânpaden. It fjild yn. De maitiid wie de moaiste tiid fan it jier. Aaisykje. Ljipaaien. Mar ek aaien fan oare fûgels. Op de Betonwei wennen wy bûtenút. Mei tsien bern wie dat mar goed ek. Us mem koe ús sa gewurde litte, wy rêden ús wol. It wie in prachtige tiid.”

2. Leafde foar de fyts

,,Myn earste sport wie taekwondo, in fjochtsport. Ik koe der myn aai net yn kwyt. Twa kear yn it jier in wedstryd, dat wie my fierstente min. Ik woe faker kompetysje hawwe. Heit wie in leafhawwer fan de koers, dat doe’t er Eddy en my meinaam nei it hurdfytsen op De Harkema frege er oft dat net wat foar ús wêze soe. Ik wie alve, stapte op de racefyts en ha der noait wer ôf west. Wat my luts? Wat better oftst dyn bêst diest, wat hurder oftst gongst.”

3. In fin mear as in bears

,,Al frij gau waard dúdlik dat ik wol wat talint hie. Ik stie gauris op it poadium. Ik wie net grut, ik wie net lyts, ik siet der wat tuskenyn. De grutte jonges wiene op dy leeftyd yn it foardiel, se hiene mear macht. Wat ek holp wieit materiaal. It iene pear âlden hie der mear jild foar oer as it oare. Ik fytste altiten op goed materiaal, mar eins noait op nij. It measte kochten wy twaddehânsk.

Nei de legere skoalle gie ik nei it vmbo yn Bûtenpost. Ik leau net dat ik oait ien dei tocht ha ‘wat wol ik wurde?’ Dat wie wol helder: hurdfytser. It kaam ek omdat wy alle wykeinen al op ’en paad wiene. De racefyts wie myn alles, mar idoalen hie ik net. Dan wie ús Eddy wol oars. As hy moarns de eagen iepen die seach er fuortendaliks nei de grutte hurdfytsers fan dy tiid. De posters hongen by him tsjin it plafond oan. Dat hie ik net.

Wat âlder ik waard wat better it gie. As twaddejiers nijeling hearde ik by de bêsten fan Nederlân, as twaddejiers junior wie ik de bêste. Ik siet ûndertusken by de opliedingsploech fan de Rabobank. Sa gewoan wie dat net. Fryslân wie yn har eagen in hiel ein fuort. De jonges kamen út Limboarch en Brabân en fierder noch in ferdwaalde hurdfytser út de Achterhoek. Mar Fryslân? Nee. Oant de dei kaam dat in oar talint ôfsei en se dochs by my útkamen.”

4. Gérardmer, 9 july 2005

,,Etappewinner yn de Tour de France. Hoe jong ik ek wie, doe al socht ik myn dagen út. En dit wie der ien. It wie myn dei. 24 jier, twaddejiers beropshurdfytser, en dan yn de Tour dyn earste oerwinning pakke. Koe it moaier?

Dy maitiid fielde ik my al heel sterk. Yn de rûnte fan Murcia en de rûnte fan Baskelân gie ik mei de bêsten omheech en yn Luik-Bastenaken-Luik ried ik yn de finale withoelang op kop om Michael Boogerd by de twa koprinners Aleksandr Vinokoerov en Jens Voigt te krijen. Ik slagge net, mar it sei al wat oar de foarm.

Hoe’t ik dy deis wekker waard en hoe’t it my by it moarnsiten fielde wit ik net mear. Wol wit ik dat wy yn Pforzheim yn Dútslân starten en dat it de earste oeren allemachtich hurd gie, tsjin de fyftich yn it oere oan en miskien wol der oerhinne. Myn Deenske ploechmaat Michael Rasmussen wie fuortriden om de berchpunten, mar hy waard te gefaarlik fûn foar it klassemint en dêrom waard der fol achteroan riden. En dan wie der ek nochris de striid om de punten foar de griene trui.

Goed. Lang om let mocht der dochs in groep fuortride. En ik siet derby. Wy krigen de romte, mar yn de finale rûn ús foarsprong hurd werom. Dat ik sprong oan de foet fan de Col de la Schlucht allinnich fuort. Doe’t ik hast boppe wie helle de Dútser Andreas Klöden my yn. Mei syn twaen nei ûnderen en tsja, doe dy sprint. Wat moat ik dêr noch oer sizze.”

5. Sterk yn de holle

,,Oft dy oerwinning myn libben feroare hat? Nee. Myn status yn it peloton wol, mar as minske hat it my net feroare.

Ik ha my noait troch immen de les lêze litten, ik ha noait nei de pipen fan in oar dûnse. It is in mentaliteit dy’t in topsporter ha moat

Watst wol sizze kinste is dat de fytserij my feroare hat. In hurdfytser moat sterk yn de holle wêze, foar himsels opkomme doarre, net sêft oer himsels wêze, mentaal sterk wêze, altiten by de tiid wêze en yn beskate sin ek in baaske wêze. Dat hie ik fan natuere wol wat. Ik ha my noait troch immen de les lêze litten, ik ha noait nei de pipen fan in oar dûnse. It is in mentaliteit dy’t in topsporter ha moat. Oars komst der net. Ik wie dúdlik. Der binne lju dy’t der net mei omgeane kinne, no ja, dat is dan mar sa. Mar echt spikerhurd botst mei oare hurdfytsers ha ik hast noait. In oare topsporter werkent sa’n mentaliteit yn himsels.

Foarbyld. It lêste treningskamp yn oanrin nei in nij seizoen hiene wy alle jierren yn Toskane, Itaalje. In ferskrikking, sa swier. Mar goed, it wie by dat treningskamp in tradysje dat der klommen waard nei de top fan de Monte Serra en dat de ploechlieding jild op de rinners sette. Komt Frans Maassen by my. ‘Denk erom Pieter, je bent mijn man. Maar niemand mag het weten.’ Kom ik op it lêst mei Boogerd foarop te sitten. Ik gjin meter op kop, mar wol it sprintsje winne. Michael lilk. Mar it die my neat.

Michael en ik hawwe in soad oan elkoar hân. Ik ha in oergryslik soad wurk foar him ferset, mar ik sil noait ferjitte hoe’t hy dy deis dat ik yn Gérardmer wûn de groep derachter ôfstoppe.”

7. In ‘frijbuiter’

,,Se moatte my gjin ‘knecht’ neame. Dat fyn ik in raar wurd. Ik ha wol ‘knechtewurk’ dien, mar oeral dêr’t ik fytst ha mocht ik op dagen ek myn eigen ding dwaan. Oars hie ik ek net sa’n soad moaie oerwinnings pakke kinnen. Ik wie in ‘frijbuiter’. Dat wurd past folle better by my.”

8. It sportive djiptepunt

,,De dei dat Michael Rasmussen yn 2007 troch de direksje fan de Rabobank út de Tour helle waard. It wie mei noch trije dagen te gean, wy hiene de Tour yn ús gedachten al wûn. Twa wiken hiene wy de longen foar him út it liif riden en dan samar hie alles foar neat west. Rasmussen hie liigd oer wêr’t hy yn de oanrin nei de Tour treend hie en waard betrape. Ast weromsjochst kinst sizze dat it in wûnder wie dat de Rabobank doe net fuortendaliks de stekker út de ploech helle hat.”

9. It rôze

,,De Tour is in soad hektyk, de Vuelta fytst by fjirtich graden. Dat lei my folle minder as de Giro. Dy wie foar my, as in robúst fytser, makke. Swiere etappes en faak min waar. Ik ha altiten op myn bêst west yn de moannen april en maaie.

Yn 2001 en 2014 wûn ik in etappe yn de Giro en yn dat lêste jier ried ik ek fjouwer dagen yn de rôze liederstrui. It wie it hichtepunt fan myn karriêre. Op myn manier ha ik doe al besocht om derfan te genietsjen. Dat foel net ta, want ast yn de koers sitst kinst net op in rôze wolk libje. Dan moatst skerp wêze.”

10. It gefaar...

,,It ûngemak fan Fabio Jakobsen yn de rûnte fan Poalen hat mar wer ris oanjûn dat hurdfytsen in gefaarlik fak is. Dat sil ek altiten sa bliuwe, dêr kinst net omhinne.

Ik bin ferskate kearen yn myn karriêre hurd fallen, mar priizgje my gelokkich dat ik der altiten goed foarwei kommen bin. Ik ha it gefaar noait opsocht, ast dat sa sizze kinst. It skeelde fansels wol dat sprinten net myn ding wie. Dêrby hie ik de fyts yn de macht, ek as ik op limyt ried. Dat hawwe je of dat hawwe net. Je kinne it in hiel ein byspikerje, mar as je it fan natuere net hawwe sil it noait hielendal perfekt wurde.

It gefaarlikst wie ast op it 140e plakje fan de berch ôfgiest, mei de gedachten earne hiel fier fuort, en dat der krekt op dat momint koerst wurdt. Dan moatst net allinnich sels gau wekker wurde, mar hast ek te krijen mei de reaksje fan dy 139 fytsers foar dy. Hiel faak gie it mar krekt goed. Dy mominten heugden my jûns wol.”

11. ... en de dea.

,,Deis fantefoarren hie ik noch in praatsje mei him makke en no wie hy dea. It wie hast net te leauwen dat Wouter Weylandt yn de Giro fan 2011 yn in ôfdaling foel en weirekke. It wie de iennichste kear yn myn karriêre dat yn de koers dêr’t ik yn fytste immen ferstoar.

It nuvere is: as dan de oare deis it startskot wer klinkt, dan sette wy ús allegear dochs wer yn beweging. It hiele peloton mei roubân om de earm, it hiele peloton ferslein. Mar yn de koers kinst yn alle gefallen foar in pear oerkes dyn sinnen fersette.”

12. Ferbean snobbersguod

,,Doe’t ik noch gjin berops wie seach ik tsjin mannen as Lance Armstrong en Jan Ullrich op. En doe ried ik in pear jier letter ynienen yn itselde peloton en wiene der boppedat dagen dat ik yn harren tsjil siet en se my net kwytspylje koene. In geweldich gefoel. Foar my binne dy mannen ek net fan ’e sokkel fallen doe’t bliken die dat se doping brûkt hiene.

It punt is dat der yn dy tiid gjin ynstânsjes wiene dy’t doping echt de kop yndrukten. Ik ferlykje it mei in sneldyk. Wat as dêr net op snelheid kontrolearre wurdt? Dan ride de measten hurder as it mei. Dat hat ek it ferhaal mei doping west.

Hoe’t ik graach oan weromtocht wurde wol? As in hurdfytser dy’t fan alles wol wat koe, as in tiimspiler en benammen as immen dy’t wol wat hawwe koe. In man mei karakter.

Ik ha noait lilk west op hurdfytsers dy’t wol doping brûkt hawwe. It soe net earlik wêze, want ik ha wol profitearre fan it prizejild dat se by elkoar fytsten. De hurdfytserij hat faak as sûndebok ûnder in fergrutglês lein. Mar de tiden binne gelokkich feroare. Hurdfytsen is echt de goede wei ynslein.”

13. En no?

,,Ik leau dat ik it nei sa’n soad jierren op de fyts wol fertsjinne ha om in pear moanne neat te dwaan. Ik draaf sa no en dan wat en fermeitsje my thús mei Albertine en mei de beide jonges. Ik bin net bang foar it swarte gat, mar it is ek net de bedoeling dat ik de kommende fiif jier thús sitten bliuw. Ik wol graach yn de hurdfytserij bliuwe. Hoe en wat, dêr tink ik oer nei. In rol as ploechlieder soe my wol lizze, tink ik. Ik kin in koers lêze en minsken motivearje.

Hoe’t ik graach oan weromtocht wurde wol? As in hurdfytser dy’t fan alles wol wat koe, as in tiimspiler en benammen as immen dy’t wol wat hawwe koe. In man mei karakter.”

Nieuws

menu